Ojuungerel Ganchujagiin ('Ojuungerel' is de foarnamme en 'Ganchujagiin' in patronym; Mongoalske foarm: Ганхуягийн Оюунгэрэл, sekuerdere transliteraasje: Ganchujagijn Ojuungerel) (Ulaanbaatar, 1985) is in Mongoalsk model. Bûten Mongoalje wurdt har namme gauris ôfkoarte ta Ojuungerel Ganchujag.

Ganchujagiin wûn yn 2007 de skientmewedstryd Miss World Mongolia. Dêrtroch mocht se dat jiers har heitelân fertsjintwurdigje op 'e ynternasjonale Miss World-ferkiezing. Hja hat studearre oan 'e Humanitêre Universiteit fan Mongoalje en is fan doel om nei it beëinigjen fan har karriêre as model bankier te wurden.

Kategory:Mongoalsk model Kategory:Miss Mongoalje Kategory:Persoan berne yn 1985