De Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch, soms ek wol de Teksaanske Revolúsje neamd, wie in oarloch yn 1835 en 1836, wêrby't de provinsje Teksas himsels losskuorde fan it gruttere steatsferbân fan Meksiko. Dit konflikt waard foarôfgien troch in almar fierder tanimmende ymmigraasje fan Ingelsktalige kolonisten nei Teksas, dy't ôfkomstich wiene út 'e oanbuorjende Feriene Steaten. De nijynkommelingen hiene frijwol neat gemien mei de Meksikanen, en nei in perioade fan oprinnende spannings briek yn oktober 1835 in opstân út.
De Meksikaanske presidint Antonio López de Santa Anna joech sels lieding oan in militêre fjildtocht om 'e rebûlje del te slaan, en brocht de Teksanen dêrby yn 'e neite fan San Antonio in gefoelige nederlaach ta yn 'e Slach om de Alamo. Underwilens fersloech generaal José de Urrea de Teksanen oan 'e Golfkust yn 'e Goliad-kampanje. Nei in weromtocht dy't bekend kaam te stean as de Runaway Scrape, wist Sam Houston de Teksanen te wergroepearjen, wêrnei't se it Meksikaanske leger yn 'e Slach oan de San Jacinto oer it mad kamen en fersloegen. Dêrby waard Santa Anna kriichsfinzen nommen, wat neitiid late ta de Ferdraggen fan Velasco, dy't de fêstiging fan 'e ûnôfhinklike Republyk Teksas mooglik makken.
Foarskiednis Nei in mislearre besykjen fan Frankryk om Teksas te kolonisearjen, oan 'e ein fan 'e santjinde iuw, kaam it gebiet foargoed yn 'e Spaanske ynfloedssfear. De Spanjerts makken der in provinsje fan harren koloanje Nij-Spanje fan, dy't yn 1821 nei in bittere striid úteinlik ûnôfhinklik waard ûnder de namme Meksiko. Teksas kaam doe ek ta it nije steatsferbân te hearren, mar om't dêr amper in kop wenne, dielde it Meksikaanske bestjoer it gebiet yn by de dielsteat Coahuila en Teksas. Yn 'e hope dat mear kolonisten de oanhâldende oanfallen fan 'e Komantsjen en Lipan-Apachen tsjinkeare kinne soene, liet Meksiko ta dat har yn 'e desennia dêrnei grutte oantallen Ingelsktalige kolonisten út 'e oanbuorjende Feriene Steaten yn Teksas nei wenjen setten. Dêrmei hellen se lykwols it Hynder fan Troaje binnen.
Yn 1825 hie Teksas 3.500 (blanke) ynwenners, wêrfan't fierwei it grutste part út Meksikanen fan Spaansk komôf bestie. Tsjin 1834 wiene der krapoan 38.000 (blanke) ynwenners, wêrûnder mar 7.800 Meksikanen. In soad fan 'e Amerikaanske nijynkommelingen lapen iepentlik de Meksikaanske wet oan harren lears, ynklusyf it ferbod op it hâlden fan slaven, mei't de slavernij yn Meksiko yn 1829 ôfskaft wie. Dat feit, yn kombinaasje mei it oanhâldende besykjen fan 'e Feriene Steaten om Teksas fan Meksiko te keapjen, wie yn 1830 foar it Meksikaanske regear fan presidint Anastasio Bustamante oanlieding om 'e grins op slot te smiten en gjin nije Amerikanen mear ta te litten. Tsjin dy tiid wie it lykwols al te let. Nije tolheffings op ynfier en útfier út en nei de Feriene Steaten makken de saak noch helte minder.
Yn 1832 fûn der yn Meksiko in revolúsje plak, wêrby't Bustamante ôfset waard troch generaal Antonio López de Santa Anna. Yn Teksas makken de Ingelsktalige kolonisten fan dy sitewaasje gebrûk troch de wapens op te nimmen tsjin it almar autoritêrdere Meksikaanske bewâld yn 'e provinsje. By de saneamde Opskuor fan Anahuac late in rige gearkomsten fan protestearjende Teksanen ta in stikmannich opstjitsjes en gewelddiedige konfrontaasjes. Tsjin augustus fan dat jier wiene alle Meksikaanske garnizoenen út East-Teksas ferdreaun. Fia de Konvinsje fan 1832 easken de Teksanen dat Teksas in selsstannige dielsteat fan Meksiko wurde soe, los fan Coahuila, en dat se mear fertsjintwurdigers krije soene yn it steatsparlemint. It jiers dêrop werhellen se harren easken op 'e Konvinsje fan 1833. Doe't Santa Anna yn novimber 1833 tajoech oan in diel fan dy easken, skreau Stephen F. Austin, ien fan 'e meast foaroansteande lieders fan 'e Amerikaanske kolonisten yn Teksas, dat "elts kwea dêr't wy oer klagen, ferholpen is."
It die lykwols al gau bliken dat Santa Anna in sintralist wie, dy't de macht by de dielsteaten weihelje woe om 'e sintrale oerheid fuort te sterkjen. Yn 1835 waard de grûnwet fan 1824 ôfskaft, de steatsparleminten waarden nei hûs ta stjoerd en de milysjes fan 'e dielsteaten waarden ûntbûn. Federalisten yn hiel Meksiko besauden har oer dy gong fan saken, en yn 'e dielsteaten Oaxaca en Zacatecas brieken opstannen út. Dat sette Santa Anna oan en kom almar hurder fanwegen tsjin eltse foarm fan ferset. De steat fan belis waard yn it hiele lân útroppen, en de deastraf waard beoardere foar in elk dy't him iepentlik tsjin it Meksikaanske regear kearde. Nei't it Meksikaanske leger yn maaie 1835 de opstân yn Zacatecas de kop yndrukt hie, joech Santa Anna syn troepen frij om twa dagen lang de steatshaadstêd Zacatecas-Stêd te plonderjen, wêrby't mear as 2.000 boargers fermoarde waarden.
Yn Teksas, mei syn grutte befolkingsgroep fan Amerikaansk komôf, wie soks krekt oalje op it fjoer. De Amerikanen yn Teksas, dy't kwa leauwe, taal en kultuer frijwol neat gemien hiene mei Meksiko, mar nammenste mear mei de Feriene Steaten, wiene it Meksikaanske regear stadichoan as in útlânske oerhearsking begûn te beskôgjen. De Teksaanske Meksikanen, de saneamde Tejanos, dy't yn Meksiko eins neat yn 'e molke te krommeljen hiene om't se yn Teksas alhiel oan it fuottenein sieten, stiene yn dizze saak foar in grut part oan 'e kant fan 'e Amerikanen. Agustín Viesca, de gûverneur fan Coahuila en Teksas, wegere en ûntbyn it steatsparlemint. Ynstee ferhuze er it nei San Antonio de Béxar, dat fierder bûten de Meksikaanske ynfloedssfear lei. Hoewol't de foaroansteande Tejano Juan Seguín in milysje oprjochte, waard dyselde troch it stedsbestjoer fan San Antonio hjitten om him derbûten te hâlden, en Viesca sels waard troch Meksikaanske loyalisten oppakt ear't er Teksas berikke koe.
Troch de oanboazjende sitewaasje begûnen de Amerikaanske kolonisten yn Teksas yn oanwaaksende mjitte de folsleine ûnôfhinklikens fan Teksas foar te stean. Nei't in stikmannich fan harren yn juny in beheinde wapene rebûlje tsjin tolheffing yn Anahuac fierd hiene, beleine de foaroanmannen fan 'e Amerikaanske Teksanen in gearkomste, de saneamde Konsultaasje, om te besluten oft men hanthavening fan 'e status quo, in weromkear nei it federalisme, of ûnôfhinklikheid hawwe woe. Ear't de Konsultaasje op 15 oktober begjinne koe, joech Santa Anna yn septimber oarders oan syn sweager, generaal Martín Perfecto de Cos, om mei in legermacht fan 500 soldaten de broeiende rebûlje yn Teksas yn 'e kym te smoaren. Op 20 septimber gie Cos yn Teksas oan lân yn 'e haven fan Copano. Doe't dat bekend waard, rôp Stephen F. Austin alle mienskippen fan Amerikaanske kolonisten yn Teksas op om milysjes te foarmjen ta har eigen ferdigening.
De oarloch Utbraak Doe't de spannings yn Teksas almar fierder oprûnen, liek it kolonel Domingo de Ugartechea, de befelhawwer fan alle Meksikaanske troepen yn Teksas, in goed idee om 'e boargers fan Gonzales in lyts kanon te ûntnimmen dat oan harren in pear jier earder troch it Meksikaanske leger útliend wie ta beskerming tsjin oanfallen troch Yndianen. De earste groep soldaten dy't om it kanon kamen, waarden troch de milysje fan Gonzales sûnder kanon it stedsje útbonsjoerd. Dêrop stjoerde Ugartechea luitenant Francisco de Castañeda derop út mei hûndert dragonders. Castañeda wie in federalist dy't sympaty foar de Teksanen hie, en der alles oan die om iepentlike fijannichheden foar te kommen.
Nei't er dagenlang oan it lyntsje holden wie wylst de ynwenners fan Gonzales op fersterkings wachten, waard syn ienheid moarnsier op 2 oktober 1835 oanfallen troch sa'n 140 milysjeleden. By it koarte gefjocht kamen twa Meksikaanske soldaten om en rekke in Teksaan ferwûne doe't er fan syn hynder kneppele. Neitiid frege en krige Castañeda in moeting mei John Henry Moore, de lieder fan 'e Teksanen, mar doe't er foar it ferstân krige dat dy fan gjin wiken witte woe, kearde er sûnder wat bedijd te hawwen werom nei San Antonio. Hoewol't dizze Slach by Gonzales in skermutseling fan neat wie, waard it troch de Teksanen opblaasd ta in grutte oerwinning. It ferhaal fersprate him as diggelfjoer oer de Feriene Steaten en soarge derfoar dat har in protte frijwilligers nei Teksas bejoegen om dêr tsjin 'e Meksikanen te fjochtsjen.
Oarloch oan 'e Golfkust Nei't him it berjocht berikte fan 'e Slach by Gonzales, sette Cos mei syn 500 man yn tûzen hasten ôf út Goliad nei San Antonio. Op 6 oktober waard it Meksikaanske fort yn Goliad, it Presidio La Bahía, bestoarme troch 95 Amerikaanske kolonisten en 30 Tejano's, dy't net wisten dat Cos dêrwei al ôfset wie. Nei in gefjocht fan in healoere, wêrby't trije Meksikanen sneuvelen en ien of twa Teksanen en sân Meksikaanen ferwûne rekken, joech it Meksikaanske garnizoen him oer. It fort waard dêrnei beset holden troch Teksaanske milysjeleden ûnder kaptein Philip Dimmitt, dy't in diel fan syn mannen daliks nei Stephen F. Austin ta stjoerde om dy syn opmars nei San Antonio fuort te sterkjen.
Ein oktober stjoerde Dimmitt in groep Teksanen ûnder lieding fan Ira Westover nei San Patricio, om Fort Lipantitlán yn te nimmen. Op 'e jûn fan 3 novimber slagge dat Westover-en-dy sûnder in skot te lossen, mei't it grutste part fan it garnizoen op patrûlje wie. Nei't se it fort ôfbrutsen hiene, waarden se lykwols op 'e weromweis nei Goliad oerfallen troch de rest fan it garnizoen fan Fort Lipantitlán, fuortsterke mei fyftjin oant tweintich Meksikaanske loyalisten út San Patricio. Nei in skermutseling fan in healoere dy't bekend kaam te stean as de Slach by Lipantitlán, loeken de Meksikanen har werom, wêrmei't de hiele Golfkust fan Teksas yn 'e hannen fan 'e opstannelingen foel.
Westover-en-dy troffen op harren paad werom nei Goliad gûverneur Viesca, dy't befrijd wie troch federalistyske soldaten, en dêrnei daliks trochreizge wie nei Teksas mei as doel om it steatsregear fan Coahuila en Teksas te weroprjochtsjen. Westover naam de gûverneur mei nei Goliad, dêr't Dimmitt lykwols wegere om Viesca syn gesach te erkennen. Dat soarge foar rebûlje mank de Teksanen, mei't der ûnder Dimmitt syn troepen in soad oanhingers fan 'e gûverneur wiene. Dimmitt syn reäksje wie om 'e steat fan belis út te roppen. Yn 'e folgjende moannen briek yn 'e krite tusken Goliad en Refugio in soarte fan ynterne boargeroarloch mank de Teksanen út, wêrby't Carlos de la Garza út Goliad, in oanhinger fan it sintralistyske rezjym fan Santa Anna, in guerrilja-oarloch tsjin Dimmitt en syn oanhingers fierde.
Belis fan San Antonio Underwilens wie Austin mei de haadmacht fan it Teksaanske Leger, besteande út 450 man, ûnderweis nei San Antonio om it tsjin Cos op te nimmen. De Teksanen wiene fol selsbetrouwen dat se gau in oerwinning boeke soene, en dêrom joegen har in protte folmachten foar de Konsultaasje by it leger, mei as gefolch dat der foar de dy grutte gearkomste gjin kwoarum mear wie en it spul útsteld wurde moast oan 1 novimber. Nei't op 16 oktober Austin syn eask dat de Meksikanen yn San Antonio de wapens dellizze soene, troch Cos ôfwiisd wie, barrikadearre it 650 man sterke garnizoen de strjitten.