Wilco baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (28 maaie 1738 - 24 maaie 1788) wie grytman, ûntfanger-generaal en dykgraaf fan de gritenij Wûnseradiel en deputearre fan de Fryslân.

Libben en wurk thumb|Wibrandastate yn 1722 Schwartzenberg waard berne as soan fan de grytman fan Dantumadiel en deputearre fan Fryslân Michael Onuphrius thoe Schwartzenberg en HohenlansbergOm reden fan syn kennis fan wiskunde en wurktúchboukunde Michael Onuphrius thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg tegearre mei Philip Frederik Vegelin van Claerbergen belêste mei de bediking fan it Dokkumergrutdjip en mei de oanlis fan de Dokkumer Nije Silen en fan Margaretha Maria van Gendt. Yn 1758 waard er beneamd ta grytman, ûntfanger-generaal en dykgraaf fan Wûnseradiel. Lykas syn heit wie er ek deputearre fan Fryslân. Dat amt besette er fan 1764 oant 1773 en fan 1779 oant 1788.Naamlijst Gedeputeerde Staten van Friesland 1577-1795 Yn 1767 hie er de lieding oer it fannijs bouwen fan de tsjerke fan Ferwâlde. Hy wenne op Wibrandastate yn Hichtum, dy't er fan syn muoike Juliana Agatha barones thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg erfd hie.Stinsen in Friesland: Wibranda State te Hichtum In 1783 waard er oansteld als masterknaap yn it jachtgerjocht fan Fryslân. Hy wie ien fan de grytmannen mei de measte ynfloed fan Fryslân.

Hy stoar as frijfeint yn maaie 1788 krekt foar syn fyftichste.

Sjoch ek Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg

Kategory:Fryske adel Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Wûnseradiel Kategory:Frysk dykgraaf Kategory:Frysk amtner Kategory:Persoan berne yn 1738 Kategory:Persoan stoarn yn 1788