thumb|250px|Festyn O Holender! 2010

Redbad Klijnstra-Komarnicki (29 novimber 1969 yn Amsterdam) is in Poalsk akteur fan Frysk en Nederlânsk komôf.

Libben en wurk Klijnstra-Komarnicki waard berne as soan fan in Nederlânske heit fan Frysk komôf en in Poalske mem. Hy die it gymnasium yn Amsterdam, mar folge yn Warsjau in toanielopleiding. Hy studearre dêr ôf yn 1994 en bleau dêrnei yn Poalen.

Hy spile yn ferskaat oan Poalske films, telefyzjerigen en teäters, mar ek yn de Dútsktalige film Feuerreiter (1998), in ynternasjonale koproduksje en yn in ôflevering fan de Nederlânske tf-rige De zeven deugden (1999).

Yn de Poalske telefyzjerige Na dobre i na złe ('Yn goede en minne tiden') spilet er sûnt 2007 de Nederlânske dokter Ruud van der Graaf.

Klijnstra-Komarnicki wennet op 't heden yn Warsjau. Hy hat in kafee en is artistyk lieder fan it teäter Centralny Basen Artystyczny yn Warsjau.

Klijnstra-Komarnicki is ek de inisjatyfnimmer fan Festyn O Holender!, in strjitfeest yn de geast fan de Nederlânske keningsdei dat sûnt 2008 alle jierren yn maaie organisearre wurdt foar syn kafee oer.

Yn 2012 spile er de rol fan de Poalske Stenjek yn de Nederlânske skriller De verbouwing.

Filmografy Unfolslein:; Film 2016: Music, War and Love - Horst 2016: Smolensk 2012: De verbouwing 2008: Cztery noce z Anną 2007: 0 1 0 2007: Mała wielka miłość 2005: Fotoplastykon 2002: Jedermanns Fest – Daniel 1998: Hölderlin, le cavalier de feu - Georg Hammelmann

Telefyzje 2016: Strazacy - Aleksander Szajna 2016: Druga szansa - Coach Andrzej 2015: Ojciec Mateusz - Aleksander Morus

Keppelings om utens Redbad Klijnstra-Komarnicki yn IMDB Offisjeel webstee fan Festyn O Holender!

Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk toanielregisseur Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Poalsk telefyzje-akteur Kategory:Poalsk filmakteur Kategory:Poalsk toanielakteur Kategory:Poalsk toanielregisseur Kategory:Poalsk ûndernimmer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Poalsk komôf Kategory:Poalsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Poalsk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1969