De ylpoatigen (wittenskiplike namme: Tylopoda) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla). Ta dizze taksonomyske groep hearre in stik as tsien ferskillende famyljes, ferdield oer trije ûnderskate boppefamyljes. De iennichste famylje dy't net útstoarn is, wurdt foarme troch de kamieleftigen (Camelidae), dy't in sântal libbene soarten omfiemet, te witten it Arabyske kamiel of de dromedaris (Camelus dromedarius) út it Midden-Easten en Noard-Afrika, it Baktryske kamiel (Camelus bactrianus) en it wylde Baktryske kamiel (Camelus ferus) út Sintraal-Aazje, en de lama (Lama glama), de gûanako (Lama guanicoe), de alpaka (Lama pacos) en de fikûnja (Lama vicugna) út 'e Andes fan Súd-Amearika.

Opbou {| class="wikitable" style="width: 500px;" |- style="vertical-align: top;" | scope="row" style="width: 50%; background-color: Honeydew;" | ûnderskift ylpoatigen (Tylopoda) incertae sedis (yndieling ûnwis) skaai Gobiohyus † famylje Choeropotamidae of Haplobunodontidae † famylje Homacodontidae of Altiaconodontidae of Bunomerycidae † boppefamylje Anoplotherioidea † famylje Anoplotheriidae † famylje Cainotheriidae † famylje Dacrytheriidae † boppefamylje kamieldieren (Cameloidea) famylje kamieleftigen (Camelidae): 7 soarten famylje Oromerycidae † boppefamylje Merycoidodontoidea of Xiphodontoidea † famylje Agriochoeridae † famylje Merycoidodontidae † famylje Xiphodontidae †

Ferskate oare fossile famyljes wurde soms oan 'e ylpoatigen taheakke, te witten: de Antiacodontidae de Diacodexeidae de Dichobunidae de Helohyidae de LeptochoeridaeOare auteurs diele dizze famyljes lykwols earne oars yn. Oan 'e oare kant waarden de Cebochoeridae en de Protoceratidae foarhinne faak by de ylpoatigen yndield, mar no lykje dy beide famyljes nauwer besibbe te wêzen oan 'e wjerkôgers (Ruminantia'').

Kategory:Evenhoevige