Sulverskurft is in plantesykte dy’t feroarsake wurdt troch de patogeen Helminthosporium solani. Dit patogeen is in skimmel dy’t spesifyk is foar it besmetten fan allinnich ierdappelknollen. Sulverskurft is in skylsykte, wat betsjut dat it effekt op de knollen meast kosmetysk fan aard is en dat it de hannel beynfloedet. Der binne inkelde rapporten oer it effekt op groei en opbringst.Mooi JC, 1968. Sulverskurft by ierdappels. Mededeling van de Plantenziektekundige Dienst Onderzoek 482, 1±62. dit wurdt feroarsake troch ljochtbrune plakken, dy’t op har bar it azemfermogen fan de skyl feroaret wat krimp feroarsaket en wetterferlies jout, wat lang om let resultearret yn gewichtsferlies. De sykte is ekonomysk wichtich wurden omdat ierdappels mei sulverskurt troch de yndustry foar ferwurking en streekrjochte konsumpsje ôfwiisd binne. De syktesyklus kin opdield wurde yn twa fazen: op it lân en yn de opslach. It is benammen in knolsykte en de primêre boarne fan inoculum binne yn haadsaak oantaaste poaters. Symptomen ûntwikkelje har en florearje yn de opslach om’t de omstannichheden dêr geskikt binne foar spoarulaasje. De ideale omstannichheden foar de fersprieding fan dizze sykte binne hege temperatueren en hege fochtigens. Gelokkich binne de meardere manieren om de sykte yn de stringen te hâlden.
Tekens en symptomen
Sulverskurft is in ierdappelsykte dy’t fersoarsake wurdt troch de anamorfe ascomycete skimmel, Helminthosporium Solani. Ierdappelknollen binne de iennichst bekende gasthear fan Helminthosporium solani. It is in tige spesifyk patogeen dat gjin sekundêre of alternative gasthear hat. In algemien symptoom fan dizze sykte is dat de skyl fan de ierdappel ferbleket. Dy plakken binne brún en/of griis troch it ferlies fan pigmint, en se binne meast ûnregelmjittich fan foarm. Nei it rispjen kin de skyl fierder krimpe en ferskronfelje wat ta fochtferlies liedt.http://extension.uidaho.edu/kimberly/files/2013/11/CIS1060.pdf University of Idaho Extension|date, Silver Scurf of Potatoes, Shetty, Kiran Swarte plakken kinne ek oantroffen wurde op it oerflak fan besmette knollen, dy’t in teken fan de sykte binne. Dy binne gearstald út konidia en konidiofoaren fan de patogene skimmel. De konidia wurde skaaimerke troch in tige donkere melanisaasje en it hawwen fan meardere pseudosepta. In oar skaaimerk fan dizze skimmel is it ûntbrekken fan motile spoaren.
Krekt as by in soad oare skimmelsykten by planten kin in diagnoaze steld wurde troch te sykjen nei spesifike seksuele struktueren fan de skimmel en har te observearejen oangeande de spesifike skaaimerken foar sulverskurft. In oare wize dêr’t sulverskurft op fêststeld wurde kin, is troch middel fan molekulêre techniken, lykas PCR en sekwinsearring, om de oanwêzigens fan it patogeen oan te toanen. It primêre pear, HSF19-HSR447, is spesifyk generearre om mar in part fan Helminthosporium Solani DNA te amplifisearjen.Detection of Helminthosporium solani from soil and plant tissue with species-specific PCR primers http://onlinelibrary.wiley.com/FEMS Microbiology Letters, 1998-11-01, s. 235–241, Claudia, Olivier, Rosemary, Loria
Op dit stuit binne gjin bekende gasthearfaktors identifisearre dy’t ferantwurdlik binne foar de ferheging fan de gefoeligens of ûntjouwing fan de sykte. It liket dat de leefomstannichheden in wichtige rol spylje yn de earnst fan dizze sykte.
Syktesyklus De syktesyklus fan sulverskurft kin yn twa fazen opdield wurde (lân en opslach).Errampalli, D., Saunders, J. M., Holley, J. D., Emergence of silver scurf (Helminthosporium solani) as an economically important disease of potato, Plant Pathology, 50, 2, s.141, 2001 De primêre boarne fan inoculum is de ynfektearre poater. Dit inoculum wurdt dan troch in ûnbekend meganisme oerbrocht op de dochterknollen. Alhoewol’t yndirekt bewiis suggerearret dat it bart as se streekrjocht yn kontakt of tichtby de dochterknollen komme. Konidia dat op de skyl fan de ierdappel oanmakke is wurdt troch rein of yrrigaasje oerbrocht op oare net-ynfektearren. Dizze konidia úntkymje en ynfektearje knollen. It patogeen kringt troch de periderm of lentisellen. Dêrnei ferswakket it patogeen de peridermsellen yn de knol. Ynfeksje kin barre as knollen foarme wurde en kin trochgean yn it seizoen.Silver Scurf of Potato fact sheet http://vegetablemdonline.ppath.cornell.edu/factsheets/Potato_SilverScurf.htm vegetablemdonline.ppath.cornell.edu By de rispinge (meast simmerdeis), binne sulverskurftsymptomen net al te dúdlik. Lykwols, de symptomen ûntwikkelje har en boazje oan troch relative fochtigens en hege temperatueren yn de opslach, omdat dy omstannichheden befoarderlik binne foar spoarulaasje. Sekundêr inoculum wurdt makke troch konidia, dat troch fentilaasjewyn yn de opslach ferspraat wurde kin.. As in ierdappel út dizze opslach plante wurdt, kin dat inoculum yn it lân bringe. Der waard oannommen dat oerwintere inoculumhâldende grûn net wichtich wie yn de syktesyklus, mar resinte stúdzjes suggerearje dat H.solani in (koart) skoft yn de grûn oerlibje kin, wat mear ynfeksje fersoarsaakje kin.
It is in net-folmakke skimmel en syn teleomorf is net beskreaun. Sykteferskynsels komme foar op knollen, mar net op ranken (wynstokken) of woartels, en binne beheind ta de periderm, gearstald út phellem, phelloderm en kortikaalkortikale lagen dy’t de epidermis fan de knol ferfange. Fahn A, ed. , 1982. Plant Anatomy. Exeter, UK: Wheaton. Sjoch de paragraaf hjirûnder om it foarkommen en de earnst fan ferskillende fazen fan de hjir neamde libbenssyklus te begripen.
Miljeu Der binne in tal betingsten dy’t de fersprieding en ûntwikkeling fan H. solani befoarderje. Meast smyt in temperatuer tusken 15 ~ 32 °C yn kombinaasje mei luchtfochtigens konidiaal kymjen op. Dêrnjonken binne der nochal wat kulturele gewoanten dy’t de omstannichheden beynfloedzje dy’t de fersprieding en ûntwikkeling fan de sykte befoarderje. Dy gewoanten binne: de mjitte fan oanwêzigens fan H.solani op sied-, plant-, en rispdagen, fruchtwiksel en magasynbehear. Der is oantoand dat letter rispjen de ûntwikkeling fan de sykte stimulearret. Ek is oantoand dat de sykte earnstiger wie by mear planten de kante meter. De kombinaasje fan dy faktoaren hawwe effekt op de sykteferdieling en ûntwikkeling.
Patogeneze De spoaren kinne noch oant sawat twa jier ynfektearje en sykte feroarsaakje yn dochterknollen yn de grûn. It is ek mooglik dat it patogeen him ferspriedt troch troch de woartels fan de ierdappelplant nei de ûntwikkeljende knollen te gean en ynfeksje te feroarsaakjen. H. solani konidia wurde oantroffen op de bûtenkant fan ierdappels, en de skimmeltriedden kringe de knol yn om sykte te feroarsaakjen. It patogeen kin it weefsel ynkringe troch wûnen of natuerlike iepenings, mar ek streekrjocht penetrearje yn de periderm mei help fan in appressoarium en penetraasjepinSilver Scurf Management in Potatoes, Hamm, P.B., August 2007, https://ir.library.oregonstate.edu/xmlui/bitstream/handle/1957/20787/pnw596.pdf De skimmel sit yn de bûtenste lagen fan de ierdappel en kin net botte djip yn de knol ynfektearje. De ferkleuring op de periderm fan de ierdappel komt troch it ferlies fan pigmintaasje fersoarsake troch slimme drûchte fan de sel- en suberinôfsetting.http://onlinelibrary.wiley.com/doi/10.1046/j.1365-3059.2001.00555.x/full Emergence of silver scurf (Helminthosporium solani) as an economically important disease of potato, Errampalli, D, 2001, Plant Pathology, Nov 11, 2015, Saunders, J., 50, s. 141–153 Op dit stuit is net in soad bekend oer de molekulêre aspekten fan it meganisme foar it fersprieden en de ynfeksje fan de sykte, mar der is op’t heden in ûndersyk nei dit patogeen geande foar in better begryp.
Syktebestriding
Gemyske bestriding Fungisiden (skimmelbestriders) bedimje in soad plantesykten effisjint, mar der binne mar in pear types fungisiden dy’t effisjint wurkje tsjin sulverskurft.Emergence of silver scurf (Helminthosporium solani) as an economically important disease of potato http://onlinelibrary.wiley.com/doi/10.1046/j.1365-3059.2001.00555.x/abstract Plant Pathology, 2001-04-01, s. 141–153, D., Errampalli, J. M., Saunders, J. D., Holley Fungisiden wurde meast tapast op grûn of poaters foar it setten.
Thiabendazole (TBZ) Fungiside TBZ wurdt sûnt begjin santiger jierren fan de foarige iuw in soad brûkt as behanneling fan ierdappels nei it rispjen. Sulverskurft op knollen kin fermindere wurde troch it systemysk breed-spektrum fungiside TBZ. TBZ is leech toksysk en wurdt brûkt om sulverskurft foar te kommen of foar in hoartsje te bedimjen, b.g. in pear moanne, sûnder ynfloed op kwaliteit of retinsje fan residuën.Hide GA, Hirst JM, Griffith RL, 1969a. Control of potato tuber diseases with systemic fungicides. In: Proceedings of the Fifth British Insecticide and Fungicide Conference, Brighton. Croydon, UK: British Crop Protection Council, 310-4.
TBZ-Resistint H. solani Isolaten De TBZ-fungiside wie oant 1977 och sa effektyf doe’t TBZ-resistinte H. solani isolaten oantroffen waarden yn ierdappels yn winkels, nei’t se nei de rispinge behannele wiene.Resistance to thiabendazole in isolates of Helminthosporium solani, the cause of silver scurf disease of potatoes http://onlinelibrary.wiley.com/doi/10.1111/j.1365-3059.1988.tb02088.x/abstract Plant Pathology, 1988-09-01, s. 377–380, 37, G. A., Hide, Sharon M., Hall, Kathryn J., Boorer TBZ resistinsje yn H. solani ûntstie út in mutaasjepunt fan in inkelde baze yn kodon 198 fan glutaminesoer oant glutamine of alanine yn it b-tubuline.A PCR-based method to characterise and identify benzimidazole resistance in Helminthosporium solani http://doi.wiley.com/10.1016/S0378-1097(97)00229-2 FEMS Microbiology Letters,s . 371–378, G. MKay Dizze mutaasje fungearret om TBZ en oare benzimidazole fungisiden fan bining oan it H. solani b-tubulin-gen op te kearen, wat resultearret yn TBZ-resistinte fenotypes.
Fungisiden oars as TBZ Omdat de frekwinsje fan resistinte isolaten foar TBZ tanimt, binne guon oare fungisiden test om sulverskurft yn de stringen te hâlden, lykas imazalil, prochloraz en propiconazole fungisiden, dy’t allegearre klassifisearre binne yn DMI (demetilaasjekearders). Imazalil en prochloraz wurde faak brûkt yn siedbehanneling, wylst propiconazole skimmelkearders meast foar lôfbehanneling binne.
Gasthear wjerstân Ien fan de wichtichste redenen foar it tanimmend ekonomysk belang fan sulverskurft is it ûntbrekken fan in goede wjerstân yn ierdappelkultivars.MÉRIDA, C.L., LORIA, R., & HALSETH, D.E. (1994). Effects of potato cultivar and time of harvest on the severity of silver scurf. Plant Dis., 78, 146–149.RODRIGUEZ, D.A. (1994). Studies on epidemiology and management of silver scurf of potato. PhD Thesis. North Dakota State University, Fargo, ND.