Toby Keith (wiere namme: Toby Keith Covel; Clinton (Oklahoma), 8 july 1961 – Oklahoma City, 5 febrewaris 2024) wie in foaroansteand Amerikaansk countrysjonger, dy't ek aktyf wie as lietsjeskriuwer, muzykprodusint en akteur. Hoewol't er al sûnt 1981 song, briek er pas yn 1993 troch. Hy hie grut súkses mei de hit Should've Been a Cowboy, dy't yn 'e Feriene Steaten it meast draaide countrynûmer fan 'e jierren njoggentich wie. Syn earste fjouwer studio-albums waarden sûnder útsûndering gouden of platina platen. Yn totaal hie Keith 20 nûmer 1-hits, wêrûnder Beer for My Horses (in duët mei Willie Nelson) en As Good as I Once Was, dy't yn 2003, resp. 2006 beide seis wiken op it earste plak yn 'e hitlisten fan 'e countrymuzyk stiene. Keith ferkocht wrâldwiid mear as 40 miljoen platen ferkocht.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Keith waard yn 1961 berne yn Clinton, yn de Amerikaanske steat Oklahoma, as de soan fan Hubert K. Covel jr. en dy syn frou Carolyn Joan Ross, dy't beide fan etnysk Ingelsk komôf wiene. Syn wiere namme is Toby Keith Covel, wêrby't 'Keith' syn middelnamme (oftewol twadde foarnamme) is, mar syn artystenamme is Toby Keith, wêrby't 'Keith' de funksje fan efternamme ferfollet. Hy hat in suster en in broer. Doe't Keith lyts wie, wenne it gesin in skoftke yn Fort Smith, yn Arkansas, mar letter ferfearen de Covels nei Moore, in foarstêd fan Oklahoma City, dêr't Keith fierder opgroeide.

Syn beppe wie de eigneresse fan 'e Billie Garner's Supper Club yn Fort Smith, dêr't Keith as lyts jonkje al yn 'e ban rekke fan 'e countrymuzikanten dy't dêr optreden. Op 'e middelbere skoalle yn Moore wied er lit fan it Amerikaansk fuotbalteam. Nei't er slagge wie foar syn eineksamens wurke Keith in pear jier yn 'e ierdoaljeyndustry yn Oklahoma. Fan 1979 oant 1980 studearre er oan 'e Villanova Universiteit by Philadelphia, dêr't er foar mynboukundich yngenieur learde. Hoewol't er dy stúdzje net ôfmakke, soed er letter troch de universiteit bejeftige wurde mei in earedoktoraat.

Karriêre Iere jierren Doe't er tweintich jier wie, foarme Keith in band mei syn freonen Scott Webb, Keith Cory, David 'Yogi' Vowell en Danny Smith, dy't se de Easy Money Band neamden. Se spilen yn pleatslike kroegen, en om't Keith op oprop wurke, moast er soms midden ûnder in optreden fuort. Doe't de oaljeyndustry yn 1982 yn 'e nederklits rekke, waard Keith ûntslein. Dêrop joech er him by de Oklahoma City Drillers, in semy-profesjoneel Amerikaansk fuotbalteam, wylst er dêrnjonken trochgie mei optredens mei de band. Doe't dúdlik waard dat in karriêre as profesjoneel Amerikaansk fuotbalspiler der foar him net yn siet, besleat er om him folslein ta te lizzen op in wurkpaad yn 'e countrymuzyk. Freonen en famylje hiene der in hurde holle yn oft dat wat wurde soe, mar yn 1984 begûn de Easy Money Band yn it sirkwy fan plattelânssealtsjes (de saneamde honky tonks) fan Oklahoma en de buorsteat Teksas op te treden.

Begjin 1990-er jierren gie Keith nei Nashville (Tennessee), it mekka fan 'e countrymuzyk, dêr't er demo's fan syn band nei de ûnderskate platemaatskippijen stjoerde. Doe't dêr gjin belangstelling foar bliek te wêzen, kearde Keith yn deprimearre tastân werom nei hûs. Mar koarte tiid letter joech in stewardess dy't in fan fan Keith wie, ien fan syn demo's oan Harold Shedd, in passazjier op ien fan har flechten, dy't in liedingjaande funksje beklaaide by de platemaatskippij Mercury Records. Shedd wie ûnder de yndruk fan wat er hearde, en besocht in optreden fan 'e Easy Money Band, wêrnei't er Keith in kontrakt oanbea.

As sjonger Yn 1993 kaam Keith syn debútsingle by Mercury Records út, Should've Been a Cowboy, dy't daliks it earste plak helle yn 'e Hot Country Songs, de wichtichste Amerikaanske hitlist foar countrymuzyk. Yn 'e algemiene hitlist Billboard Hot 100 berikte de single it 93e plak. Tsjin 'e ein fan 'e jierren njoggentich wie Should've Been a Cowboy mear as trije miljoen kear op 'e radio draaid, wat it ta it meast spile countryliet fan it desennium makke. It nûmer stie ek op Keith syn debútalbum Toby Keith, dêr't er in platina plaat foar útrikt krige om't der mear as ien miljoen eksimplaren fan ferkocht waarden. Itselde album omfieme noch trije oare countrytop 5-hits: He Ain't Worth Missing; A Little Less Talk and a Lot More Action (oarspronklike de B-kant fan Should've Been a Cowboy); en Wish I Didn't Know That. Syn grutte súkses late derta dat Keith op toernee gie mei Shania Twain en John Brannen, dy't doedestiden ûnder kontrakt stiene by itselde platelabel.

Yn septimber 1994 brocht Keith by Polydor Records yn Nashville, in difyzje fan Mercury, syn twadde album út, Boomtown, dat ek platina waard. It nûmer Who's That Man? helle it earste plak yn 'e Hot Country Songs, Upstairs Downtown en You Ain't Much Fun hellen de top 10 en Big Ol' Truck berikte it 15e plak. Ein 1995 kaam, ek by Polydor, in krystalbum fan Keith út, mei as titel Christmas to Christmas, dêr't inkeld eigenskreaune lieten op stiene. Yn april 1996 publisearre Keith syn trêde (algemiene) studio-album by de Nashville-ôfdieling fan A&M Records. De namme fan dat album wie Blue Moon, en it omfieme trije singles, wêrfan't Me Too Keith in trêde earste plak besoarge, Does That Blue Moon Ever Shine on You heakjen bleau op it twadde plak en A Woman's Touch it sechsde plak helle. Yn 1996 wurke Keith ek mei oan it album Stars and Stripes, Vol. 1 fan 'e popband The Beach Boys, wêrby't er meisong oan 'e nije ferzje fan it nûmer Be True to Your School, dat oarspronklik yn 1963 útbrocht wie.

Yn 1997 kearde Keith troch de fúzje fan 'e Nashville-ôfdieling fan A&M mei Mercury werom by syn oarspronklike platemaatskippij. Dat jiers brocht er dêr syn fjirde studio-album út, mei as titel Dream Walkin'. Dêrfan makken ûnderdiel út: de nûmer 2-hits We Were in Love en I'm So Happy I Can't Stop Crying (in duët mei Sting) en teffens de singles Dream Walkin', dat it fyfde plak yn 'e hitlisten behelle, en Double Wide Paradise. Mei Sting brocht Keith I'm So Happy I Can't Stop Crying live te'n gehoare op 'e útrikking fan 'e Country Music Association Awards fan 1997 yn Nashville.

Yn oktober 1998 brocht Keith noch it sammelalbum Greatest Hits, Volume One by Mercury út, mar dêrnei stapte er definityf oer nei in oare platemaatskippij, DreamWorks Records. Greatest Hits omfieme behalven âlde hits ek twa nije nûmers, it countryrapliet Getcha Some en If a Man Answers, dy't beide ek útbrocht waarden as singles. If a Man Answers waard Keith syn earste single dy't bûten de top 40 bleau. Neffens Keith hiene dy beide lieten oarspronklik gewoan op in studio-album stean sillen, mar beslisten de bazen by Mercury oars. Doe't dêrnei twa nije lieten fan sines troch de platemaatskippij ôfwiisd waarden, kocht Keith yn 1999 syn kontrakt ôf en ferhuze er nei in oar label.

By DreamWorks, dêr't syn âlde produsint James Stroud oan it roer stie, brocht er as earste single When Love Fades út, dat it lykwols ek min die. Dêrop liet er dat nûmer weromlûke en ferfange troch it ferske How Do You Like Me Now?!, ien fan 'e lieten dy't troch Mercury ôfwiisd wiene. Dat nûmer, dat Keith tegearre mei Chuck Cannon skreaun hie, waard in grutte hit, dy't fiif wiken efterinoar op it earste plak yn 'e Hot Country Songs stie, wylst it teffens syn earste liet wie dat de top 40 fan 'e Billboard Hot 100 foar poplieten binnenkrong, mei in 31e plak. It nûmer stie op it album dat ek How Do You Like Me Now?! hiet, en dat in platina plaat waard. Dat album omfieme ek de top 5-hit Country Comes to Town en in twadde nûmer 1, You Shouldn't Kiss Me Like This. In stikmannich lieten op it album wie skreaun of mei-skreaun troch Scotty Emerick, dy't yn 'e folgjende pear jier oanhâldend nau mei Keith gearwurkje soe. Yn 2001 wûn Keith twa Academy of Country Music Awards, yn 'e kategoryen bêste manlike sjonger en album fan it jier, foar How Do You Like Me Now?!

Keith syn sechsde studio-album, Pull My Chain, ferskynde yn augustus 2001 by DreamWorks. It omfette trije singles, I'm Just Talkin' About Tonight, I Wanna Talk About Me en My List, dy't alle trije efterinoar it earste plak yn 'e countryhitlisten hellen. Op syn sânde studio-album, Unleashed, dat yn 2002 ferskynde, stiene fjouwer singles, Courtesy of the Red, White, & Blue (The Angry American), Who's Your Daddy?, Beer for My Horses, en Rock You, Baby. De earste trije dêrfan berikten allegear it earste plak, en Beer for My Horses, in duët mei Willy Nelson, wist dat plak seis wiken lang fêst te hâlden, wylst it yn 'e Billboard Hot 100 it 22e plak berikte.

Courtesy of the Red, White, & Blue (The Angry American) wie in liet dat Keith skreau nei oanlieding fan 'e dea fan syn heit by in ferkearsûngemak yn maart 2001 en de terroristyske oanslaggen op it World Trade Center en it Pentagon op 9/11. Yn 'e liettekst fan it nûmer binne oerdúdlike nasjonalistyske en militaristyske sentiminten opnommen, en it rôp dêrom by frijwol alle taharkers in sterke reäksje op: òf men fûn it geweldich, òf men hie der in grouwéligen hekel oan. Keith song it liet yn 't earstoan inkeld by live-optredens, û.m. foar Amerikaanske legertroepen, oant generaal James L. Jones, de kommandant fan it Amerikaanske Marinierskorps, tsjin him sei dat it syn plicht as Amerikaan wie om Courtesy of the Red, White, & Blue op te nimmen en as single út te bringen.

Natalie Maines, de leadsjongster fan 'e Amerikaanske countryband Dixie Chicks, oan 'e oare kant, makke buorkundich dat se Courtesy of the Red, White, & Blue ferspijde, en fûn dat it liet "dom" wie "en countrymuzyk dom lykje li[e]t." Dy útspraak late ta in iepentlike fete tusken Keith en Maines, mei misledigings oer en wer. Keith liet witte dat Maines sels gjin ferskes skreau en hy wol, en brûkte boppedat ûnder syn konserten in bewurke foto fan Maines as eftergrûn, dêr't Maines op te sjen wie mei de Iraakske diktator Saddam Hoessein. Op 21 maaie 2003 droech Maines by de útrikking fan 'e Academy of Country Music Awards in T-shirt mei de letters "F.U.T.K." op 'e foarkant, dy't neffens har stiene foar "Friends United in Truth and Kindness" ("Freonen Feriene yn Wierheid en Goedhertichheid"). Mar de measte oaren, presintator Vince Gill ynbegrepen, seagen der in úthaal nei Keith yn ("Fuck You Toby Keith"). Yn oktober 2004 joech Maines úteinlik ta dat se dêr gelyk oan hiene.

Underwilens hie Keith foar Unleashed yn 2003 de American Music Award yn 'e kategory favorite country-album wûn. Datselde jiers kaam yn novimber syn achtste studio-album út, mei as titel Shock'n Y'all, wat safolle sizze wol as "skokkend foar jim allegearre", in ferwizing nei de term shock and awe dy't doedestiden troch it regear fan George W. Bush brûkt waard foar strategy ta de oerweldiging fan Irak. De trije lieten fan dat album dy't útbrocht waarden as single, I Love This Bar, American Soldier en Whiskey Girl, berikten allegear it earste plak yn 'e countryhitlisten. Mei Shock'n Y'all wûn Keith yn 2004 sawol de American Music Award foar favorite country-album as de Academy of Country Music Award foar album fan it jier. Ein 2004 kaam de sammel-cd Greatest Hits 2 út, mei dêrop behalven âlde hits ek trije nije lieten: Stays in Mexico, Go with Her en in cover fan Mockingbird, oarspronklik fan Inez en Charlie Foxx, dat Keith opnommen hie yn 'e foarm fan in duët mei syn dochter Krystal Keith.