Erwinia is in skaai fan Enterobacteriaceae-baktearjes dy’t meast plantaardige patogene soarten hawwe, dy’t neamd waarden nei de ferneamde plantepatolooch Erwin Frink Smith. It hat Gram-negative baktearjes relatearre oan Escherichia coli, Shigella, Salmonella, en Yersinia. It binne yn haadsaak staaffoarmige baktearjes.

In soad ynfektearje houtige planten. In bekend lid út dit skaai is de soarte E. amylovora, dy’t brânread op appels, parren en oare Rosaceae-gewaaksen feroarsaket; Lykwols, E. tracheiphila feroarsaket bakteariële wylt by cucurbits. Oare bekende soarten, lykas E. carotovora (oare wichtige oarsaak fan plantesykten), steane fierder fan de readfjoerbaktearje ôf en binne ferhuze nei de skaaien Brenneria, Dickeya, en Pectobacterium.Toth, Ian K., Bell, Kenneth S., Holeva, Maria C., Birch, Paul R. J., Soft rot erwiniae: from genes to genomes, Molecular Plant Pathology, 1 January 2003, s.17–30

Soarten Soarten dy’t oerbliuwe yn Erwinia binne:

Erwinia amylovora Erwinia aphidicola Erwinia billingiae Erwinia gerundensis’’Rezzonico, F., Smits, T.H.M., Born, Y., Blom, J., Frey, J.E., Goesmann, A., Cleenwerck, I., de Vos, P., Bonaterra, A., Duffy, B., Montesinos, E., Erwinia gerundensis sp. nov., a cosmopolitan epiphyte originally isolated from pome fruit trees, Int J Sys Evol Microbiol, 2016, s.1583-1592 Erwinia iniectaParte, A.C., Erwinia, www.bacterio.net http://www.bacterio.net/erwinia.html Erwinia mallotivora Erwinia oleae Erwinia papayae Erwinia persicina Erwinia piriflorinigrans Erwinia psidii Erwinia pyrifoliae Erwinia rhapontici Erwinia tasmaniensis Erwinia toletana Erwinia tracheiphila Erwinia typographi Erwinia uzenensis Candidatus Erwinia dacicola

Kategory:Plantesykte Kategory:Baktearjeskaai