Nadab († 906 f.Kr.; oare boarnen 910 f.Kr. oant 909 f.Kr.) wie de soan fan Jerobeäm en de twadde kening fan it Tsienstammeryk Israel.
In soad is der net bekend fan Nadab, want syn regear duorre mar twa jier. Nadab besocht de Filistynske stêd Gibbeton te feroverjen. Doe't er de stêd belegere, spande de fjildhear Basa gear tsjin kening Nadab en deade him dêr. Basa grypte de macht en waard kening fan it lân en liet dêrnei fuort it hiele neiteam fan Jerobeäm útroegje.1 Keningen 25-31
De oarsaak fan 'e fal fan kening Nadab leit neffens de Tenach yn it opstellen fan twa gouden keallen op 'e hillige plakken Bet-El en Dan. Jerobeäm hie yn 'e tiid fan syn regear dy ôfgoaden oprjochtsje litten om se te ferearjen en offers te bringen.1 Keningen 12:26-32.
Mei it útmoardzjen fan Nadab en syn famylje kaam de profesij fan 'e profeet Achía fan Sjilo út, dy't er foarsein hie oan 'e frou fan Jerobeäm.1 Keningen 14:6-10
Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Kening fan Israel Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 10e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 10e iuw f.Kr.