Ela († 876 f.Kr., oare boarnen sizze 885 f.Kr.) wie as soan en opfolger fan Basa de fjirde kening fan it tsienstammeryk Israel.
It regear fan Ela duorre mar twa jier en wurdt datearre op 877-876 f.Kr. (ek 886-885 f.Kr.). De kening bleau de ôfgoaderij, dy't syn heit Basa net ôfskaft hie, gewoan tastean en dat brocht de kening yn konflikt mei de profeten fan 'e God fan Israel.
Doe't Ela him by in hofmaarskalk yn Tirsa bedronken hie, waard er troch syn kommandant Simry fermoarde. Dy kommandant rôp himsels ta kening fan Israel út en roege dêrnei de hiele famylje fan Ela út. Simry moast de oanspraak op 'e troan al nei sân dagen yn it foardiel fan Omry opjaan, om't er gjin stipe fan it leger krige.
De moard wurdt yn 'e Tenach sjoen as de ferfolling fan 'e profesije fan 'e profeet Jehû, neffens wa it hûs fan Basa fanwegen harren ûndieden útroege wurde soe.
Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Kening fan Israel Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 10e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 9e iuw f.Kr.