Jerobeäm II (Hebriuwsk: ירבעם, Gryksk: Ιεροβοάμ; Latynk: Jeroboam) folge yn it jier ± 786 f.Kr. Joäsj op as kening fan it Noardryk Israel en regearre oant ± 746 f.Kr. oer it lân.
Om't Syrje, dat grutte dielen fan Israel ferovere hie, yn ferfal wie, slagge it Jerobeäm II om de âlde grinzen fan Israel te herstellen en sels noch út te wreidzjen. Under it regear fan Jerobeäm makke Israel in tiidrek mei fan rêst en bloei. De profeten Hoséa, Amos en Jona warskôgen lykwols tsjin de ûnseedlikens, de goddeleazens en de sosjale misstannen en ûngelikensens.
Krekt as oare keningen fan Israel folge Jerobeäm net de wei fan 'e God fan Israel. De Skrift skriuwt dat er net "ôfwykte fan de sûnden, dêr't Jerobeäm, de soan fan Nebat, Israel ta brocht hie".2 Keningen 14:23-29
De profeet Amos foarsei dat Jerobeäm II mei it swurd ombrocht wurde soe.Amos 7:9 Nei syn dea folge syn soan Sekarja him op as kening.
Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Kening fan Israel Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 9e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 8e iuw f.Kr.