Sjallûm (Hebriuwsk: שלום בן יבש) wie foar koarte tiid kening fan it Noardryk Israel en kaam oan 'e macht troch syn foargonger Sekarja te deadzjen.
Sjallûm wie in kommandant yn it leger fan kening Sekarja. Hy liet de kening nei in regear fan mar krekt in heal jier yn it iepenbier fermoardzje en waard yn syn plak de nije kening.
De steat fan it lân wie tige ynstabyl, want al nei ien moanne kaam der ek in ein oan it regear fan Sjallûm. In oare kommandant, Menachem, in soan fan Gady út Israel's âlde haadstêd Tirsa, wie mei syn manlju nei de haadstêd Samaria tein. Menachem sette Sjallûm dêr as kening ôf, sloech him dea en naam sels it plak fan him as kening yn.2 Keningen 15-13-16
Sjoch ek List fan keningen fan Israel
Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Kening fan Israel Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 8e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 8e iuw f.Kr.