Pekachja (Hebriuwsk: פקחיה‎‎; "YHWH hat de eagen iepene"; Latynsk: Phaceia) wie de soan fan Menachem en folge him yn it jier 742 foar Kristus op as de santjinde kening fan it Noardryk Israel.

Pekachja hat twa jier oer it lân regearre. Hy wykte neffens de Skrift net ôf fan 'e ôfgoaderij, dy't sûnt kening Jerobeäm I yn Israel wizânsje wie.

Mei help fan Argob en Arjé en fyftich man út Gilleäd spande Pêkach, in adjudant, gear tsjin kening Pekachja. De machtsgreep slagge en makke in ein oan it Hûs fan Menachem. Pêkach liet Pekachja ombringe en waard dêrnei sels kening fan it ryk.

Sjoch ek List fan keningen fan Israel

Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Kening fan Israel Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 8e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 8e iuw f.Kr.