It Keninkryk Skotlân (Skotsk-Gaelysk: Rhìoghachd na h-Alba; Skotsk: Kinrick o Scotland) wie in ûnôfhinklike steat yn Noardwest-Jeropa dy't neffens de tradysje stifte wie yn 843. Yn 't earstoan wie dit lân beheind ta in diel fan it tsjintwurdige Skotlân, mar meitiid wreide it him fierder út oant it yn 1472, mei de anneksaasje fan 'e Orkney- en Sjetlâneilannen, de foarm fan it hjoeddeistige Skotlân berikte. Yn 1707 gie it Keninkryk Skotlân mei syn súdlike buorsteat, it Keninkryk Ingelân, op yn it feriene Keninkryk Grut-Brittanje, dat him yn 1801, troch de tafoeging fan Ierlân, ûntjaan soe ta it Feriene Keninkryk.
Etymology De namme "Skotlân" is ôfkomstich fan it wurd Scoti, de Latynske namme foar de Gaelen (de Kelten yn it noardwesten fan 'e Britske Eilannen, dêr't behalven de Skotten ek de Ieren en de Manksen ta hearre). Hoewol't de Latynske term Scotia oarspronklik in oantsjutting foar Ierlân wie, kaam de namme troch de Gaelyske ferovering fan westlik Skotlân, yn 'e sechsde iuw, op dat gebiet te slaan.
Geografy It Keninkryk Skotlân besloech (úteinlik) it noardlike trêdepart fan it eilân Grut-Brittanje, dat foar de kust fan Noardwest-Jeropa yn 'e Atlantyske Oseaan leit en ta de Britske Eilannen heart. Nei de anneksaasje fan 'e Orkney- en Sjetlâneilannen, yn 1472, hie it keninkryk in totaal oerflak fan 78.387 km², wêrfan't 1,9% út wetter bestie. De iennichste lângrins fan it Keninkryk Skotlân wie dy mei it Keninkryk Ingelân, dy't yn it suden oer in ôfstân fan 96 km út it súdwesten nei it noardeasten rûn, fan kust nei kust. Oan alle oare kanten waard it Keninkryk Skotlân troch see omjûn: yn it easten en noardeasten troch de Noardsee, yn it noarden en westen troch de iepen Atlantyske Oseaan, en yn it súdwesten troch de Ierske See en it Noarderkanaal.
Skiednis Yn 'e Midsiuwen ûntjoech Skotlân him ta in grienmank fan folken en riken. It noarden en noardeasten fan it lân waard bewenne troch de Pikten, in folk fan ûndúdlik komôf, hoewol't it tsjintwurdich wierskynlik achte wurdt dat hja ôfstammen fan 'e earste weach fan Keltyske lânferhuzers dy't yn it lêste milennium f.Kr. fan it fêstelân fan Jeropa oerstiek nei de Britske Eilannen en him dêr fermong mei de dêr al tahâldende Pre-Yndo-Jeropeeske bewenners. It Súdskotsk Berchlân en it grutste part fan it leechlân waard al foarôfgeande oan 'e Romeinske Tiid bewenne troch Brytoanyske Kelten.
Fierders setten omtrint 500 de earste Gaelen (of Skotten) út Ierlân har nei wenjen oan 'e Skotske westkust, wylst yn 'e sânde iuw de Germaanske Angelen út harren keninkryk Noardumbrje wei nei it noarden opteagen en súdeastlik Skotlân besetten. As lêsten arrivearren fan likernôch 800 ôf de Skandinavyske Wytsingen, benammen Noaren, dy't har yn it uterste noarden fan 'e Skotske Heechlannen (it skiereilân Caithness) en op 'e Hebriden nei wenjen setten. Op 'e Orkney- en Sjetlâneilannen waard de oarspronklike Piktyske befolking folslein troch de Noarske kolonisten assimilearre, mar dy beide eilannegroepen foelen yn dy tiid ûnder de Noarske Kroan, en waarden hielendal net ta Skotlân rekkene.
As de berte fan it Keninkryk Skotlân wurdt ornaris de kroaning beskôge, yn 843, fan Kenneth MacAlpin ta kening fan Piktlân, al moat it wiere ûntstean fan it nije lân wierskynlik inkele generaasjes letter pleatst wurde. Op dat barren folge in stadige ekspânsje fan it mienskiplike keninkryk fan 'e Pikten en de Gaelen, dat tsjin 'e alfde iuw "Skotlân" kaam te hjitten. Yn 1124 waard it Brytoanyske Keninkryk Strathclyde ta Skotlân foege, en teffens Lothian, yn it súdeasten, dat oant dy tiid yn Angelsaksyske hannen west hie. Dy opskowing fan 'e grins yn súdlik rjochting waard yn 1137 befêstige mei it Ferdrach fan York. Mei de komst fan in feriene keninkryk ûntstie ek in proses wêrby't Skotlân omtrint de tolfde iuw, benammen ûnder it regear fan kening David I, stadichoan begûn te feodalisearjen, in ûntwikkeling dy't allinnich mar fuortsterke waard troch de ymmigraasje fan Anglo-Normandyske ealju út Ingelân en Frankryk wei.
Yn 'e jierren 1234 en 1235 folge de ynkorporaasje fan Gallowegen, yn it súdwesten, en nei't kening Aleksander III yn 1263 Haakon IV fan Noarwegen yn it ramt fan 'e Skotsk-Noarske Oarloch ferslein hie yn 'e Slach by Largs, koene by it Ferdrach fan Perth, yn 1266, ek Caithness, de Hebriden en it eilân Man oan Skotlân tafoege wurde (hoewol't Man letter wer ferlern gie). Nei it ferstjerren fan Aleksander III, yn 1286, fjouwer jier letter folge troch de dea fan syn iennichste erfgenamte, syn pakesizzer Margareta, byneamd de 'Faam fan Noarwegen', ûntstie der in krisis yn Skotlân wêrby't de troan foarearst leech bleau en it lân bestjoerd waard troch in stikmannich saneamde beskermhearen.
Dat machtsfakuum bea in iepening foar kening Edwert I fan Ingelân om syn ynfloed yn Skotlân út te wreidzjen, temear om't him troch de Skotten frege waard om as skiedsrjochter te fungearjen tusken de ferskate troanpretendinten. By dy saneamde Grutte Kwestje, waard op oanstean fan Edwert yn 1292 Jan fan Balliol, byneamd Jan Leechmantel, te Berwick-upon-Tweed ta kening kroane. Dêrby betong Edwert dat hysels troch de Skotten erkend waard as "alderheechste hear" (Lord Paramount) fan Skotlân, wat derop delkaam dat hy, as kening fan Ingelân, tenei de lienhear fan 'e kening fan Skotlân wie. Dêrmei ûndermine er daliks elts gesach dat de nije kening hawwe kinnen hie en makke er Jan ta in soarte fan Ingelsk fazal.
Twa jier letter, yn 1294, easke Edwert fan 'e Skotske kening en eallju dat se yn it Ingelske leger tsjinje soene, dat op it fêstelân fan Jeropa tsjin 'e Frânsen focht. Dat gie sels Jan te fier, en ynstee fan oan Edwert syn easken te foldwaan, sleaten de Skotten doe in bûnsgenoatskip mei de Frankryk, de saneamde Auld Alliance ("Alde Alliânsje"), dy't fan 1295 oant 1560 duorje soe. Edwert die dêrop in ynfal yn Skotlân, sette Jan fan Balliol ôf en griep sels de macht yn it lân. Dat late ta de saneamde Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen, wêrby't Andréas fan Moray en William Wallace as de wichtichste lieders fan it Skotske ferset tsjin 'e Ingelske oerhearsking nei foarren kamen. Hja fersloegen de Ingelsen yn 'e Slach by Stirling, yn 1297, mar litten it jiers dêrop in slimmen nederlaach yn 'e Slach by Falkirk. Hoewol't Wallace úteinlik troch ferrie yn Ingelske hannen foel en yn 1305 op in Londensk skavot einige, wie dat net de ein fan 'e striid, sa't Edwert hope hie.
Want yn 1306 fermoarde Robert fan Bruce, greve fan Carrick, ien fan 'e wichtichste Skotske troanpretendinten, yn 'e Greyfriars Kirk yn Dumfries syn foarnaamste rivaal, Jan III fan Comyn, hear fan Badenoch. Minder as sân wiken letter waard Bruce ta kening fan Skotlân kroane. As Robert I wraksele er dêrnei mear as tweintich jier lang, earst om 'e ûnôfhinklikheid fan syn heitelân werom te winnen, en dêrnei om dy ûnôfhinklikheid feilich te stellen foar de takomst. Mei de oerwinning oer de Ingelsen yn 'e Slach by Bannockburn, yn 1314, bewiisden de Skotten dat se wer baas yn eigen hûs wiene. It jiers dêrop waard Robert syn broer Edwert fan Bruce ta hege kening fan Ierlân kroane ûnder de koartduorjende Skotske ynfaazje fan dat troch de Ingelsen bestjoerde eilân. Yn 1320 liet Robert de Ferklearring fan Arbroath ôfkundigje, wrâlds earste dokumintearre ûnôfhinklikheidsferklearring. Doe't dy de stipe krige fan paus Jehannes XXII, moast ek de Ingelske Kroan him úteinlik by in selsstannich Skotlân dellizze en kaam yn 1328 de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch ta in ein mei de Frede fan Edinburch-Northampton.
Nettsjinsteande dat holden de beide Britske keninkriken noch iuwenlang in muoisume en by fleagen fijannige relaasje. Fan 1332 ôf soarge de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch foar in werhelling fan setten, wêrby't hiel it lân earste troch de Ingelsen en harren Skotske meistanners oerweldige rekke, mar neitiid mei Frânske stipe wer weromwûn waard. Dêrnjonken late de bittere rivaliteit tusken de Bruce-dynasty en de Comyn/Balliol-famylje ta ynterne rebûlje yn Skotlân en sels ta in boargeroarloch dy't oant de midden fan 'e fjirtjinde iuw oanhold. Hoewol't de Bruce-dynasty de winner yn dy striid waard, feroarsake it brekme oan manlike erfgenamten fan kening David II yn 1371 dat mei syn omkesizzer Robert II it Hûs Stuart op 'e troan kaam.
De Stuarts (eins: Stewarts) hearsken dêrnei oant de Renêssânse oer Skotlân, en ûnder harren bewâld makke it lân in gruttere woltier troch as ea tefoaren, nettsjinsteande de oanhâldende konfrontaasjes mei Ingelân en de swierrichheden dy't feroarsake waarden troch de almar djippere kulturele kleau tusken it leechlân en de Heechlannen. It wie yn dy snuorje dat it de Skotten yn 1472 einlings slagge om 'e Orkney- en de Sjetlâneilannen los te weakjen fan Noarwegen, al gie yn it uterste súdeasten de stêd Berwick-upon-Tweed yn 1482 foargoed ferlern oan Ingelân.
Yn 1502 tekene Jakobus IV fan Skotlân it Ferdrach fan Ivige Frede mei Hindrik VII fan Ingelân. Om dat te besegeljen naam er Hindrik syn dochter Margareta Tudor ta frou, in houlik dat late ta in famyljebân tusken de Tudors fan Ingelân en de Stuarts fan Skotlân. In goede tsien jier letter, yn 1513, waard Jakobus troch omstannichheden, de ferbûnsferplichtings mei Frankryk en Ingelske agresje twongen en doch in ynfal yn noardlik Ingelân, mar de ekspedysje draaide út op in fiasko, en it Skotske leger waard ferneatigjend ferslein yn 'e Slach by Flodden, dêr't Jakobus IV op it slachfjild sneuvele. Syn soan, Jakobus V, stoar yn 1543 sûnder manlike opfolgers, sadat syn dochter Marije Stuart op 'e troan kaam as keninginne suo jure. Yn 1560 moast Skotlân ûnder Ingelske druk by it Ferdrach fan Edinburch de Auld Alliance mei Frankryk beëinigje.
Datselde jiers, 1560, fierde Skotlân de troch de tsjerkeherfoarmer John Knox beïvere Reformaasje troch en waard it sadwaande in kalvinistysk lân. Dat late ta nije ynterne striid, mei't de yn Frankryk goedroomsk grutbrochte Marije der neat fan witte woe om nei it protestantisme oer te gean. Yn in barbaarske boargeroarloch waarden de oanhingers fan 'e keninginne lytsman makke, en Marije sels waard yn 1567 ôfset, wêrnei't Skotlân regearre waard troch in rige reginten foar har jonge soan Jakobus VI yn 't plak. Nei in mislearre besykjen om 'e troan werom te winnen, flechte Marije de grins mei Ingelân oer, dêr't se troch har efternicht Elizabeth I krapoan tweintich jier lang finzen holden waard, oant har eksekúsje yn 1587.
Doe't mei Elizabeth yn 1603 it Hûs Tudor útstoar, waard Jakobus VI fan Skotlân as har neiste famyljelid har erfgenamt, en kaam er as Jakobus I op 'e Ingelske troan. Sadwaande waarden Skotlân, Ingelân en ek Ierlân doe feriene yn in personele uny, de Uny fan de Kroanen, mei ien en deselde kening oan it bewâld. Hoewol't it lân tenei fierhinne út it Ingelske Londen wei regearre waard, bleau Skotlân lykwols noch in iuw lang yn namme in selsstannich lân, útsein ûnder de koarte perioade fan it Protektoraat (1657-1659) en it dêropfoljgende Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân (1659-1660), doe't Oliver Cromwell en de Ingelske republikeinen de Britske Eilannen ta ien steat ferienen.
Pas yn 1707 waard mei it Ferdrach fan de Uny en de beide (Ingelske en Skotske) Wetten op de Uny it feriene Keninkryk Grut-Brittanje skepen, mei ien parlemint en ien regear (allebeide yn Londen). Dat barde nei it jammerdearlik ferrûne besykjen om in Skotske koloanje te stiftsjen yn wat no Panama is, dêr't nei't sein wurdt frijwol alle grûnbesitters yn Skotlân jild yn stutsen hiene. It bankrot fan 'e Skotske elite, dat dêr it gefolch fan wie, die in protte om sokken derfan te oertsjûgjen dat de uny mei Ingelân in goed ding wie (foar de miening fan it gewoane folk hie doedestiden nimmen belangstelling), en Ingelske drigeminten dat der oarloch komme soe as de Skotten net omlyk woene, beklonken de kwestje. Hoewol't der neitiid, yn 1715, 1719 en 1745 noch opstannen yn Skotlân plakfûnen, waarden dy yn bloed smoard en wie Skotlân syn selsstannichheid foargoed kwyt.
Bestjoer