Nieuw-Amsterdam (Frysk: Nij-Amsterdam) is in ressort en haadstêd fan it distrikt Kommewijne yn Suriname. It plak leit by de gearrin fan 'e rivieren Suriname en Kommewijne. Nij-Amsterdam hat sa'n 5650 ynwenners, meast Javanen en Hindûstanen. It plak hjit pleatslik ek wol "Kila" (Hindy-wurd foar 'fort') of "Njun Foto" (Sranantongo).

Skiednis thumb|left|Loftfoto fan Nij-Amsterdam. Nij-Amsterdam leit op it plak dêr't earder in modderplaat mei de namme Tijgershol lei. Yn 'e koloniale tiid waard dêr in fort boud; de stjerfoarm fan 'e wâl is dêr in oantins oan. It Fort Nieuw-Amsterdam is mooglik ûntwurpen troch Philippe Chambrier, de styfheit fan Pierre-Alexandre Du Peyrou. It waard tusken 1734 en 1747 boud yn 'e foarm fan in regelmjittige fiifhoek mei bastions. Tegearre mei oare forten foarme it in ferdigeningsline tsjin fijannige skippen.

Oan 'e kust steane noch grutte kanonnen út de Twadde Wrâldoarloch. De Amerikanen setten dy dêr om de yngong fan 'e rivier de Suriname te beskermjen tsjin Dútske skippen. It Iepenloftmuseum Fort Nij-Amsterdam, dat foar in part op it eardere plantaazjegebiet Dageraad leit, is in attraksje foar toeristen en foar de befolking fan Suriname. thumb|left|De eardere finzenis. Sûnt 1873 wie yn Nij-Amsterdam in finzenis foar minsken dy't har skuldich makke hiene oan swiere misdriuwen. Om 1982 hinne waard dy ferhûze nei Santo Boma yn it distrikt Wanica. De âlde finzenisgebouwen meitsje no diel út fan it iepenloftmuseum. Dêr is ek it eardere ljochtskip Suriname-Rivier te besjen. It gebou fan 'e âlde straffinzenis waard oan it begjin fan 'e 21e iuw restaurearre en wurdt sûnt brûkt foar útstallings en oare kulturele eveneminten.

Fear en brêge Sûnt de iepenstelling fan 'e Jules Wijdenboschbrêge is Nij-Amsterdam, lykas it hiele distrikt Kommewijne, maklik mei de auto fan Paramaribo ôf te berikken. Earder moast de rivier oerstutsen wurde mei in oerset nei Meerzorg. Dy âlde fearferbining tusken Paramaribo en Kommewijne waard nei de iepening fan 'e brêge opheft.

Mei lytse boatsjes, saneamde korjalen, wurdt noch in fearferbining ûnderholden tusken Paramaribo/Leonsberg en de plakken oan 'e rjochterigge fan 'e Surinamerivier. Ek de toeristyske oerset Merodia, dy't fan Paramaribo ôf de plantaazjes oan 'e Kommewijne besocht, lei altyd earst oan yn Nij-Amsterdam. Foar korjalen dy't fan 'e Kommewijne en de Cottica ôfkomme, is Nij-Amsterdam hast altyd it lêste oanlisplak foar't de rivier oerstutsen wurdt nei Paramaribo.

Ofbylden

Kategory:Plak yn Suriname Kategory:Plak stifte yn 1747