De echte katdieren (Latynske namme: Feloidea) foarmje in boppefamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora) en it ûnderskift fan 'e katdieren (Feliformia). Yn dizze taksonomyske groep binne de libbene famyljes fan 'e kateftigen (Felidae) en de Aziatyske linsangs (Prionodontidae) feriene mei de útstoarne Noardamerikaanske Mioseenske ûnechte sabeltigers (Barbourofelidae). Yn totaal omfiemet de boppefamylje fan 'e echte katdieren 42 libbene soarten, dy't fan natuere op alle wrâlddielen foarkomme, útsein Antarktika en Oseaanje.

Boppefamylje-opbou

boppefamylje echte katdieren (Feloidea) famylje Aziatyske linsangs (Prionodontidae): 2 soarten famylje kateftigen (Felidae): 40 soarten famylje Noardamerikaanske Mioseenske ûnechte sabeltigers (Barbourofelidae) †

Kategory:Rôfdier (skift)