De marterdieren (Latynske namme: Musteloidea) foarmje in boppefamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia) en it tuskenskift fan 'e poalrôfdieren (Arctoidea). Yn dizze taksonomyske groep binne de libbene famyljes fan 'e martereftigen (Mustelidae), de lytse panda's (Ailuridae), de stjonkdieren (Mephitidae) en de waskbeareftigen (Procyonidae) gearbrocht. Yn totaal omfiemet de boppefamylje fan 'e marterdieren 85 libbene soarten, dy't fan natuere op alle wrâlddielen foarkomme, útsein Antarktika en Oseaanje.
Boppefamylje-opbou
boppefamylje marterdieren (Musteloidea) famylje lytse bearen of waskbeareftigen (Procyonidae): 14 soarten famylje lytse panda's (Ailuridae): 1 soarte famylje martereftigen (Mustelidae): 60 soarten famylje stjonkdieren (Mephitidae): 12 soarten
Kategory:Rôfdier (skift)