thumb|Jan Zeldenrust (l.) en Job de Ruiter (1978) Jan Zeldenrust (Grins, 5 april 1907 – De Haach, 5 juny 1990) wie tsientallen jierren de bekendste patolooch-anatoom fan Nederlân.

Yn 1948 gie er oan 't wurk by it Gerechtelijk Laboratorium (letter omneamd ta Gerechtelijk Natuurwetenschappelijk Laboratorium) ûnder lieding fan kriminolooch Wiebo Froentjes. Yn 1951 waard Zeldenrust direkteur fan it doe oprjochte Gerechtelijk Geneeskundig Laboratorium (letter it Laboratorium voor Gerechtelijke Pathologie), dat festige wie yn itselde gebouwekompleks, earst yn De Haach en fan 1972 ôf oan yn Rijswijk. Hy wie dêr fral dwaande mei de gerjochtlike genêskunde. Earst yn 1984 gie de ûnderwilens 77-jierrige Zeldenrust mei pinsjoen; hy waard opfolge troch Martin Voortman. Yn 1999 gien beide organisaasjes byinoar ûnder de namme Nederlands Forensisch Instituut.

Yn de berjochtjouwing oer moardsaken waard er faak neamd, sadat it grutte publyk tige fertroud mei syn namme rekke. Yn ynterviews kaam er nei foaren as in lakonike man mei grutte leafde foar syn fak, dy't tige sekuer en droechwei formulearre.

Bibliografy Moord en wederwoord, honderd jaar strijd tegen misdaad, fan J. Thorwald mei yn de Nederlânske oersetting in foarwurd fan J. Zeldenrust, 1966 Gerechtelijke geneeskunde, 1966 Forensische pathologie, 1977, ISBN 90-6016-109-2 Dr. J. Zeldenrust, patholoog-anatoom, 1978, ISBN 90-218-2438-8 Moord ontleed, een terugblik, tegearre mei R. Staats, 1988, ISBN 90-6523-039-4

Sjoch ek Autopsy

Kategory:Nederlânsk anatoom Kategory:Nederlânsk patolooch Kategory:Nederlânsk dokter Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 1990