De poalrôfdieren (Latynske namme: Arctoidea) foarmje in tuskenskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora) en it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia). Yn dizze taksonomyske groep binne de libbene boppefamyljes fan 'e beardieren of beareftigen (Ursoidea), de marterdieren (Musteloidea) en de seerôfdieren (Pinnipedia) gearbrocht. Yn totaal omfiemet dit tuskenskift 130 libbene soarten, dy't fan natuere op alle wrâlddielen foarkomme, Antarktika ynbegrepen.
Tuskenskift-opbou
tuskenskift poalrôfdieren (Arctoidea) boppefamylje beardieren of beareftigen (Ursoidea) famylje bearen (Ursidae): 8 soarten famylje healhûnen (Hemicyonidae) † boppefamylje marterdieren (Musteloidea) famylje lytse bearen of waskbeareftigen (Procyonidae): 14 soarten famylje lytse panda's (Ailuridae): 1 soarte famylje martereftigen (Mustelidae): 60 soarten famylje stjonkdieren (Mephitidae): 12 soarten boppefamylje seerôfdieren of finpoatigen (Pinnipedia) boppefamylje earrobeftigen (Otarioidea) famylje earrobben (Otariidae): 15 soarten famylje walrussen (Odobenidae): 1 soarte famylje oerseerôfdieren (Enaliarctidae) † boppefamylje seehûneftigen (Phocoidea) famylje seehûnen (Phocidae): 18 soarten famylje sturtseehûneftigen (Desmatophocidae) †
Kategory:Rôfdier (skift)