De beardieren of beareftigen (Latynske namme: Ursoidea) foarmje in boppefamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia) en it tuskenskift fan 'e poalrôfdieren (Arctoidea). Yn dizze taksonomyske groep is de libbene famylje fan 'e bearen (Ursidae) gearbrocht mei de útstoarne Hemicyonidae. Yn totaal omfiemet dizze boppefamylje 8 libbene soarten, dy't fan natuere op alle wrâlddielen foarkomme, útsein Antarktika en Oseaanje.

Boppefamylje-opbou

boppefamylje beardieren of beareftigen (Ursoidea) famylje bearen (Ursidae): 8 soarten ûnderfamylje pandadieren (Ailuropodinae) skaai katbearen (Ailurarctos) † skaai panda's (Ailuropoda): 1 soarte ûnderfamylje koartsnútbearen (Tremarctinae) skaai âldere koartsnútbearen (Plionarctos) † skaai brilbearen (Tremarctos): 1 soarte skaai Noardamerikaanske koartsnútbearen (Arctodus) † skaai Súdamerikaanske koartsnútbearen (Arctotherium) † ûnderfamylje echte bearen (Ursinae) tûke echte bearen (Ursini) skaai echte bearen (Ursus): 4 soarten skaai hunichbearen (Helarctos): 1 soarte skaai Yndyske bearen (Indarctos) † skaai lippebearen (Melursus): 1 soarte tûke oerbearen (Ursavini) skaai oerbearen (Ursavus) † skaai soerbearen (Agriotherium) † famylje healhûnen (Hemicyonidae) †

Kategory:Rôfdier (skift)