Richard A. Knaak (folút: Richard Allen Knaak; Chicago, 28 maaie 1961) is in Amerikaansk skriuwer fan fantasyromans. Hy is benammen bekend wurden mei syn Dragonlance- en Dragonrealm-searjes, en mei de A Soldier's Quest-trilogy.

Libben Knaak waard yn 1961 berne yn Chicago, yn 'e Amerikaanske steat Illinois, as de soan fan James Richard Knaak en Anna Maria Trappen. Hy is fan Dútsk etnysk komôf. Knaak studearre earst skiekunde en letter retoarika oan 'e Universiteit fan Illinois te Urbana-Champaign, en behelle yn 1984 in bachelorstitel. Neitiid wurke er as magazynarbeider en administratyf meiwurker, foar't er him yn 1988 foltiids op syn skriuwkarriêre stoarte.

Troch it lêzen fan 'e roman Storm over Warlock, fan skriuwster Andre Norton, waard Knaak in grut fan fan science fiction en fantasy. Hy skreau yn 1986 syn earste koarte ferhaal, dat er yn 1987 publisearre wist te krijen. Yn 1988 kaam syn earste roman út, mei as titel The Legend of Huma. Dat wie it earste diel fan 'e populêre Dragonlance-rige, dêr't noch tsien oare dielen fan folgje soene. Syn twadde boek, Firedrake, dat yn 1989 útjûn waard, wie it earste diel fan 'e allike populêre Dragonrealm-rige, dêr't Knaak neitiid noch achttjin oare dielen fan skriuwe soe. Yn 2001 sette er útein mei in trêde searje, de Diablo-rige, basearre op it kompjûterspultsje mei deselde namme, dy't twa trilogyen kaam te omfiemjen. Boppedat hat er sûnt 2001 ek al mear as tsien boeken skreaun dy't basearre binne op it kompjûterspultsje Warcraft.

Knaak hat fierders noch ferskate op harsels steande romans op syn namme stean, wêrûnder de kontemporêne fantasyboeken Frostwing, King of the Grey en Dutchman en ek de heroyske fantasyroman The Janus Mask. Yn 2006 publisearre er fierders by útjouwerij Ace Books de trilogy A Soldier's Quest, besteande út The God in the Moon, The Eye of Charon en The Silent Enemy, dy't spilet yn 'e klassike fantasywrâld fan Conan de Barbaar, dy't betocht is troch Robert E. Howard. Knaak hat twa huzen, ien yn Illinois en ien yn Arkansas, ferdielt syn tiid oer dy beide steaten.

Wurk Dragonlance Dragonlance-rige 1988 – The Legend of Huma 1990 – Kaz the Minotaur 1996 – Land of the Minotaurs 1999 – Reavers of the Blood Sea 2000 – The Citadel Minotaur Wars-trilogy 2003 – Night of Blood 2004 – Tides of Blood 2005 – Empire of Blood 2023 – Honor and Empire: The Minotaur Tales (ferhalebondel) Ogre Titans-trilogy 2007 – The Black Talon 2008 – The Fire Rose 2009 – The Gargoyle King

Dragonrealm Dragonrealm-rige 1989 – Firedrake 1989 – Ice Dragon 1990 – Wolfhelm 1990 – Shadow Steed 1993 – The Crystal Dragon 1994 – Dragon Crown 1997 – The Horse King Origins of Dragonrealm-trilogy 1991 – The Shrouded Realm 1991 – Children of the Drake 1992 – Dragon Tome Legends of the Dragonrealm-rige 2012 – Shade 2017 – Cut from the Same Shadow and Other Tales (ferhalebondel) 2018 – Knights of the Frost 2021 – Sword of Ghosts 2023 – Dragon of the Depths Dragonrealm: The Turning War 2013 – Dragon Masters 2014 – The Gryphon Mage 2015 – The Horned Blade oare Dragonrealm-boeken 2002 – Past Dancer 2002 – Dragon Master 2003 – Skins 2003 – A Wolf in the Fold 2003 – Storm Lord 2004 – The Still Lands 2012 – Game of Ghosts 2012 – The Turning War

Diablo Diablo-rige 2001 – Legacy of Blood 2002 – The Kingdom of Shadow 2006 – Moon of the Spider The Sin War-rige 2006 – Birthright 2007 – Scales of the Serpent 2007 – The Veiled Prophet

Warcraft ûnderdiel fan 'e Warcraft-rige 2001 – Day of the Dragon 2008 – Night of the Dragon Warcraft: War of the Ancients-trilogy 2004 – The Well of Eternity 2004 – The Demon Soul 2005 – The Sundering Warcraft: The Sunwell-trilogy 2005 – Dragon Hunt 2006 – Shadows of Ice 2007 – Ghostlands op harsels steande Warcraft-romans 2010 – Stormrage 2011 – Wolfheart Dawn of the Aspects-rige 2013 – Dawn of the Aspects, Part 1 2013 – Dawn of the Aspects, Part 2 2013 – Dawn of the Aspects, Part 3 2013 – Dawn of the Aspects, Part 4 2013 – Dawn of the Aspects, Part 5

Rex Draconis Rex Draconis-trilogy 2017 – Under the Dragon Moon 2018 – Lords of the Dragon Moon 2019 – Shadows of the Dragon Moon 2020 – Rex Draconis: Of Dragon's Blood 2022 – Rex Draconis: War of the Dragon Moon

oare wurken City of Shadows-trilogy 1993 – King of the Grey 1995 – Frostwing 1996 – Dutchman 1995 – The Janus Mask 1999 – Ruby Flames A Soldier's Quest-trilogy (op harsels steand binnen de Age of Conan-wrâld) 2006 – The God in the Moon 2006 – The Eye of Charon 2006 – The Silent Enemy 2009 – Beastmaster: Myth Knight in Shadow-trilogy 2011 – Dragon Mound Called to Battle-rige 2015 – Face Value Black City-rige 2016 – Black City Saint 2017 – Black City Demon 2019 – Black City Dragon 2023 – Black City Tales (ferhalebondel) 2023 – Black City Angel 2021 – Rogues Gallery

Keppelings om utens Offisjele webside fan Richard A. Knaak

Kategory:Amerikaansk administratyf meiwurker Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1961