J. Steven York (Alabama, 1957) is in Amerikaansk skriuwer fan benammen romans, dy't ta de sjenres fan 'e science fiction en de fantasy hearre. Hy hat û.m. bydroegen oan searjes dy't troch ferskate auteurs skreaun wurde, wêrûnder BattleTech en Star Trek. Syn frou Christina F. York is ek in auteur.
Libben York waard yn 1957 berne op it plattelân fan 'e súdlike Amerikaanske steat Alabama. Fan bern ôf oan hied er grutte belangstelling foar romtefeart, en dat late ta in foarleafde foar science fiction-boeken. Letter kaam dêr it besibbe sjenre fan 'e fantasy noch by. Meitiid begûn er sels ferhalen te skriuwen, mar syn earste profesjonele skriuwwurk wie in non-fiksje-artikel oer eigenoptochte fiertugen foar science fiction-films, skreaun yn gearwurking mei syn skoalmaat Gordon B. McComb, dat er ferkocht oan it tydskrift Science & Mechanics. Hoewol't York neitiid jierrenlang de kost fertsjinne mei it skriuwen fan artikels en resinsjes foar in ferskaat oan tydskriften, liet syn jongesdream om science fiction-ferhalen te skriuwen, him nea los.
Uteinlik sette er útein mei it skriuwen fan koarte ferhalen, en yn 1989 waard it earste dêrfan, mei de titel Starbird, publisearre yn in blomlêzing mei wurk fan oaren. Letter publisearre er mear koart fiksje yn tydskriften as Analog Science Fiction and Fact en The Magazine of Fantasy and Science Fiction. Troch syn publikaasjes krige York gedoente mei Pulphouse Publishing, in útjouwerij dy't him spesjalisearre op it mêd fan koarte fiksje. Tegearre mei syn frou Christina F. York wied er foar dat bedriuw fan dy tiid ôf ferskate jierren wurksum as redakteur fan The Report, in non-fiksje-tydskrift oer skriuwen, oant it úteinlik tagelyk mei Pulphouse Publishing opdoekt waard.
Yn dyselde snuorje begûn York te wurkjen foar Dynamix (dat letter opgien is yn Sierra Entertainment), in kompjûterspultsjesprodusint út Eugene yn Oregon, earst as technysk skriuwer foar it meitsjen fan koarte beskriuwings fan game tools, en letter as kreätyf skriuwer foar eftergrûnen by kompjûterspultsjes. By it spultsje Outpost 2: Divided Destiny, út 1997, wie op 'e cd-rom behalven it spul sels en ek in proazawurk fan romanlingte skreaun troch York tafoege, mei as titel Divided Destiny. Nettsjinsteande de ûnkonvinsjonele foarm soe dat beskôge wurde kinne as York syn earste roman.
Doe't er úteinlik gewoane romans begûn te skriuwen, waard York it bekendst mei syn bydragen oan searjes dy't út it wurk fan ferskate auteurs gearstald binne. Sa borduere syn earste roman, Generation X: Crossroads, dy't yn 1998 troch Ace Books op 'e merk brocht waard, fuort op 'e superheldestrips fan Marvel. York skreau dêr ek noch in ferfolch op, Generation X: Genogoths, dat yn 2000 útkaam. Fierders hat er twa boeken fan 'e BattleTech-rige skreaun en ek twa fan 'e Star Trek-searje. Fierders publisearre er yn 2005 by Ace Books de Anok, Heretic of Stygia-trilogy, besteande út Scion of the Serpent, Heretic of Set en The Venom of Luxor, dy't spilet yn 'e klassike fantasywrâld fan Conan de Barbaar, dy't betocht is troch Robert E. Howard. York wennet mei syn frou Christina oan 'e Amerikaanske westkust yn 'e steat Oregon.
Wurk Romans bydragen oan searjes fan ferskate auteurs Generation X-rige 1998 – Generation X: Crossroads 2000 – Generation X: Genogoths Star Trek-rige Star Trek: Starfleet Engineering Corp-rige 2002 – #20: Enigma Ship (mei Christina F. York) 2010 – #46: Spin (mei Christina F. York) Star Trek: S.C.E. Omnibus-rige 2006 – # 6: Wildfire (mei Keith R.A. DeCandido, David Mack en Christina F. York) Star Trek: The Next Generation-rige 2007 – A Sea of Troubles (mei Christina F. York) Bolo-rige 2002 – Cold Steel BattleTech: Mechwarrior Dark Age-rige 2004 – # 8: Fortress of Lies 2006 – #20: Trial by Chaos
eigen romans en searjes Anok, Heretic of Stygia (op harsels steand binnen de Age of Conan-wrâld) 2005 – Scion of the Serpent 2005 – Heretic of Set 2005 – The Venom of Luxor Panorama Beach Mysteries 2011 – The Best Devil Money Can Buy 2012 – A Breath Away From Dying 2013 – Two Bad Days of Summer
novellen 2010 – DeadRingers 2011 – A Holiday Explained 2011 – One Foot in the Grave 2011 – The Unwinding of Liberty Brass: Tales of the Clockwork Cowboy 2011 – Walking the Virtch 2011 – Boldly Reimagined! 2012 – The Steam Man's Plantation: Tales of the Clockwork Cowboy
koarte ferhalen 1989 – Starbird 1995 – Hunter's Dawn 2022 – Uncollected Anthology (blomlêzing; mei oare auteurs)
Keppelings om utens Offisjele webside fan J. Steven York en syn frou Christina F. York
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk science fiction-skriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk tydskriftredakteur Kategory:Persoan berne yn 1957