Redbone is in Amerikaanske popgroep út de jierren santich fan de 20e iuw dy't ynternasjonaal súkses hie.

De groep waard yn 1969 yn Los Angeles oprjochte troch de bruorren Pat Vegas (basgitaar en sjonger) en Lolly Vegas (gitaar en sjonger), twa Native Americans. Redbone tekene yn 1969 in kontrakt mei it Epic-label en waard begjin 1971 bekend mei de single Maggie. Oare hits, mei it measte súkses bûten De Feriene Steaten, wiene: The Witch Queen Of New Orleans (1971), We Were All Wounded At Wounded Knee (1973; skreaun nei oanlieding fan de besetting fan Wounded Knee) en Come and Get Your Love (1974). Dy lêste helle dat jier de Top 5 fan de Amerikaanske Billboard Hot 100.

De groep is noch altyd aktyf, mei Pat Vegas as iennich oarspronklik lid. Peter DePoe waard yn 1973 ferfongen troch Butch Rillera, dy't al yn 1975 by de groep weigie. Lolly Vegas ferliet de groep yn 1995 nei in beroerte († 4 maart 2010, 70 jier); justjes letter ferliet ek Tony Bellamy († 25 desimber 2009) de groep.

Diskografy Albums Redbone - 1970 Potlatch - 1970 Message from a Drum - 1971 (ek as The Witch Queen of New Orleans útbrocht, 1972) Already Here - 1972 Wovoka - 1973 Beaded Dreams Through Turquise Eyes - 1974 Come and Get Your Redbone - 1975 The Best of Redbone - 1976 Cycles - 1977 Redbone Live - 1994 (opnames út 1977) Great Songs (Come and Get Your Love) - 1995 Golden Classics - 1996 To the Bone - 1998 Redbone and Wet Willie: Take Two - 2002 The Essential Redbone - 2003 One World - 2005 Peacepipe - 2009

Singles Crazy Cajun Cakewalk Band - 1970 Maggie - 1970, 1971 und 1972 Light as a Feather - 1971 The Witch Queen of New Orleans - 1971 (Sjoch ek: Marie Laveau) Message from a Drum - 1972 Fais Do - 1972 When You Got Trouble - 1972 Niji Trance - 1972 Poison Ivy - 1973 We Were All Wounded at Wounded Knee - 1973. (Skreaun nei oanlieding fan de besetting fan Wounded Knee) Wovoka - 1973 (sjoch ek: Wovoka Come and Get Your Love - 1974 One More Time - 1974 Suzi Girl - 1975

Keppelings om utens Offisjele webside fan Redbone en Pat Vegas Cajun Funk with a Touch of Latin Soul. - Skiednis fanRedbone op Mark Guerrero syn side

Kategory:Amerikaanske rockband Kategory:Band oprjochte yn 1969