Vincennes is in stêd yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Indiana. It is it haadplak fan Knox County. It ynwennertal wie 18.423 yn 2013.
It plak leit oan de rivier de Wabash, sa'n bytsje healwei Evansville en Terre Haute. Vincennes waard yn 1732 stichte troch Frânske pelshannelers. It is de âldste Jeropeeske delsetting yn Indiana dy't sûnder ûnderbrekking bewenne is, en ien fan de âldste bewesten de Appalachen.
Kategory:Plak yn Indiana Kategory:Plak stifte yn 1732