Jenny Poussin (Montreal, 19 july 1989),Biografyske gegevens fan Jenny Poussin op FreeOnesProfyl fan Jenny Poussin op ModelMayhemBiografyske gegevens fan Jenny Poussin op FreeOnes is in Kanadeesk glamour-, bikiny-, fitness- en neakenmodel en softcore-pornoaktrise fan Kebekaansk komôf. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 45 kg en kupmaat 32DD, dêr't se oan kommen is troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.
Libben en karriêre Poussin waard yn 1989 berne yn 'e metropoal Montreal, yn 'e Frânsktalige Kanadeeske provinsje Kebek. (Ien boarne, de Internet Movie Database, jout sawol 1982 as 1985 as har bertejier, mar dat liket in fersin te wêzen, mei't alle oare boarnen 1989 oanhâlde.) Sûnt 2006, doe't se 17 jier wie, is Poussin aktyf as glamourmodel en letter ek as fitnessmodel en bikinymodel.
Yn novimber 2011 stie Poussin as Playmate yn 'e ynternasjonale edysje fan it neakenblêd Playboy, en se hat ek te bewûnderjen west yn oare neaken- en glamourblêden, wêrûnder American Curves, Planet Muscle, Summum, EasyRiders, Picture Australia, Esquire, Maxim, FHM en de jierlikse baaikleanedysje fan it sporttydskrift Sports Illustrated. Fierders is Poussin it offisjele model foar de Naughty Sexxy-linzjeryline fan it merk Bodyzone Apparel.
Njonken har modellewurk hat Poussin ek ferskate lytse roltsjes as mainstream-aktrise hân, yn 'e film Recon 23: The Gauda Prime Conspiracy (2009), in ôflevering fan 'e tillefyzjesearje E-Rotic fan 'e stjoerder Playboy TV (2009), en de film Pathfinder (2016). Fierders wie se ek neaken te sjen yn 'e fideo Actiongirls.com, Volume 5 (2008). Poussin hat ek pornografysk wurk dien foar fotoreportaazjes, al hat hja dat oant safier beheind ta masturbaasje en lesbyske sêfte pornografy.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Jenny Poussin Biografy en filmografy fan Jenny Poussin yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens fan Jenny Poussin op FreeOnes
Kategory:Kanadeesk model Kategory:Fitnessmodel Kategory:Kanadeesk neakenmodel Kategory:Playboy Playmate Kategory:Kanadeesk froulik pornoakteur Kategory:Kanadeesk filmakteur Kategory:Kanadeesk telefyzje-akteur Kategory:Kebekaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1989