Leendert fan der Cooghen (1632 – 1681) wie in Nederlânsk tekener, skilder en printmakker. Hy arbeide fral yn Haarlim.

Libben en wurk

Hy wie in telch út in begoedige Haarlimske famylje en hie sadwaane genôch jild om it skilderjen as leafhawwerij te beöefenjen, hu hoechde er net fan te libjen. Der wurt wol tocht dat er yn 't foarste plak tekene om himsels en syn freonen te fermeitsjen."Cooghen, Leendert van der." Grove Art Online. Oxford Art Online. Oxford University Press. Web. 4 aug. 201 Dat is wierskynlik ek de reden wêrom't er net safolle wurken makke hat om ek bûten Haarlim bot bekend te wurden.Leendert vander Koogen biography yn: Arnold Houbraken, De groote schouburgh der Nederlantsche konstschilders en schilderessen, 1718 Hy krige syn oplieding by Jacob Jordaens.RKD|id=18054 Hy wie in goefreon fan Cornelis Bega en wenne yn de Schagelstraat yn Haarlim, dêr't er bekend wie as "omke Leendert".

Fan der Cooghen wie befreone mei de Haarlimske skilder Vincent fan der Vinne. Van der Vinne brûkte in tekening dy't Fan der Cooghen fan Fan der Vinne makke hie yn in fanitasstillibben mei in selsportret fan Van der Vinne.Fanitasstillibben mei it pertret fan de skilder

Wurken Hy makke fral tekeningen, in stikmannich etsen en skilderijen. It soe kinne dat er ferantwurdlik wie foar de yntroen dt'tduksje yn Haarlim fan de wize fan tekenjen sa't Rubens en Jordaens it diene en dy't bestie in kombinaasje fan read en swart kryt, soms op donker paper. Hy brûkte hast nea in pinne. De ûnderwerpen fan syn wurk binne lânskippen, portretten, sjênrefoarstellingen en figueren.

Gallery

Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk tekener Kategory:Nederlânsk grafikus Kategory:Persoan berne yn 1632 Kategory:Persoan stoarn yn 1681