Maurice Gee (Whakatane, 22 augustus 1931) is in foaroansteand Nijseelânsk skriuwer fan romans, koarte ferhalen en berneboeken, dy't yn 1978 de James Tait Black Memorial Prize wûn foar syn roman Plumb. Yn 2002 wûn er fierdersoan de Margaret Mahy Award, en yn 2004 de Prime Minister's Award for Literary Achievement ("Priis fan de Minister-Presidint foar Literêre Prestaasjes"). Syn boek Under the Mountain, út 1979, waard yn 1981 adaptearre ta in achtdielige minysearje, en yn 2009 ta in film. Ek syn boeken In My Father's Den (1972) en Crime Story (1994) binne ferfilme (beide yn 2004; Crime Story ûnder de titel Fracture).
Gee waard yn 1931 berne yn Whakatane, yn 'e Nijseelânske Bay of Plenty-regio, mar groeide op yn Henderson, in foarstêd fan Auckland. In grut diel fan syn lettere wurk spilet yn dyselde krite. Gee behelle in bachelors- en in masterstitel yn Ingelske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit fan Auckland, en troude mei in bibletekaresse. Hja hawwe trije bern; ien dochter, Emily Gee, is ek skriuwster, fan romantyske fiksje en fantasyliteratuer. De Universiteit fan Auckland skonk yn 1998 erkenning oan Maurice Gee syn oeuvre troch him de Distinguished Alumni Award ta te kennen, en yn 2004 waard him troch itselde ynstitút teffens in earedoktoraat yn de letteren skonken. Gee is earelid fan 'e Nijseelânske Feriening fan Rasjonalisten en Humanisten.
Wurk Romans 1962 – The Big Season 1965 – A Special Flower 1972 – In My Father's Den 1975 – A Glorious Morning, Comrade 1976 – Games of Choice 1978 – Plumb 1979 – Under the Mountain 1980 – The World Around the Corner 1981 – Meg 1982 – The Halfmen of O 1983 – Sole Survivor 1984 – The Priests of Ferris 1985 – Motherstone 1986 – The Fire-Raiser 1987 – Prowlers 1989 – The Champion 1990 – The Burning Boy 1992 – Going West 1994 – Crime Story 1995 – The Fat Man 1995 – Plumb Trilogy (omnibusedysje fan Plumb, Meg en Sole Survivor) 1996 – Loving Ways 1998 – Live Bodies 1998 – Orchard Street 1999 – Hostel Girl 2001 – Ellie and the Shadow Man 2003 – The Scournful Moon 2005 – Blindsight 2007 – Salt 2008 – Gool 2009 – Access Road 2010 – The Limping Man ferhalebondels 1986 – Collected Stories koarte ferhalen 1955 – In at the Death 1955 – The Widow 1956 – Evening at Home 1957 – The Quarry 1957 – A Sleeping Face 1958 – A Girl in Blue 1958 – While the Flag was Up 1959 – The Losers 1960 – Facade 1960 – Schooldays 1966 – The Champion 1967 – Down in the World 1969 – A Retired Life
Kategory:Nijseelânsk letterkundige Kategory:Nijseelânsk romanskriuwer Kategory:Nijseelânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nijseelânsk misdieskriuwer Kategory:Nijseelânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nijseelânsk humanist Kategory:Nijseelânsk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1931