De Prix Aurora, foarhinne de Canadian Science Fiction and Fantasy Award, is in Kanadeeske priis dy't elts jier útrikt wurdt foar de as bêste beoardiele wurken op it mêd fan 'e science fiction en fantasy fan it foargeande jier. Der binne ferskate kategoryen, mei dêrûnder Ingelsk- en Frânsktalige literatuer, omslachûntwerpen en aktiviteiten fan fans. De prizen wurde sûnt 1980 útrikt troch de Canadian SF and Fantasy Association (CSFFA) op 'e saneamde Canvention, de Kanadeeske nasjonale science fiction- en fantasykonvinsje. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Kategoryen profesjonele prizen foar Ingelsktalich wurk (Prix Aurora) bêste roman bêste jeugdroman bêste koarte fiksje bêste grafyske roman bêste poëzij/liet bêste besibbe wurk bêste omslachkeunstner profesjonele prizen foar Frânsktalich wurk (Prix Aurora Boréal) bêste Frânsktalige roman bêste Frânsktalige koarte fiksje bêste Frânsktalige grafyske roman bêste Frânsktalige poëzij/liet bêste Frânsktalige besibbe wurk fanprizen (foar sawol Ingelsk- as Frânsktalich wurk) bêste publikaasje troch (in) fan(s) bêste tydskrift troch (in) fan(s) bêste filk-liet troch (in) fan(s) bêste besibbe wurk troch (in) fan(s)

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Prix Aurora

Kategory:Science fiction-priis Kategory:Fantasypriis Kategory:Kanadeeske poëzypriis Kategory:Kanadeeske berneboekepriis Kategory:Kanadeeske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1980