Julie E. Czerneda (11 april 1955) is in Kanadeesk biologe, publisiste, redaktrise en skriuwster fan romans en koarte ferhalen, dy't ta de sjenres fan science fiction en fantasy hearre. Hja is benammen bekend wurden mei har science fiction-wurk, wêrûnder har earste roman, A Thousand Words for Stranger, en In the Company of Others, dêr't hja yn 2001 de Prix Aurora mei wûn. Sûnt de milenniumwiksel hat Czerneda har ûntjûn ta ien fan 'e meast foaroansteande Kanadeeske science fiction- en fantasy-auteurs.

Libben en karriêre Czerneda waard berne yn 1955, yn Sintraal of Eastlik Kanada. Har heit tsjinne yn 'e Kanadeeske Loftmacht en waard nochal ris oerpleatst, dat se groeide op op loftmachtbases yn Ontario, Nij-Skotlân en op Prins Edwardeilân. Nei't har heit ôfswaaid wie, sette it gesin him nei wenjen yn Mississauga, yn Ontario, oan 'e igge fan 'e Ontariomar. Czerneda studearre biology yn Waterloo, Saskatoon en Kingston, en mette yn dy tiid skiekundestudint Roger Czerneda, dy't fan Poalsk komôf is en mei wa't hja letter trouwe soe. Czerneda en har man krigen twa bern, Jennifer en Scott, en fêstigen har úteinlik yn it ôfhandige Orillia.

Nei't se in stikmannich jierren as biologe en ûndersykster wurke hie op it mêd fan bistekommunikaasje, sette Czerneda yn 'e twadde helte fan 'e njoggentiger jierren serieus útein mei it skriuwen fan science fiction- en fantasyboeken en -ferhalen. Mei skriuwen pielde se lykwols as sûnt har jonkheid, doe't se ris in boek lêzen hie wêrfan't de ein har net oanstie. Har mem joech har doe in typmasine en sei dat se dan har eigen ein mar skriuwe moast.

Czerneda har earste roman, A Thousand Words for Stranger, kaam yn 1997 út by de Amerikaanske útjouwerij DAW Books, dy't sûnt altyd har fêste útjouwer bleaun is. Dat wie in science fiction-boek oer Sira, in frou dy't har ûnthâld kwytrekke is en as ferstekling op in lyts romtefrachtskip meifard. Hoewol't sy en kaptein Morgan, de frachtfarder, inoar earst net fertrouwe, reitsje se opinoar oanwiisd as bliken docht dat Sira om mysterieuze redens troch machtige fijannen neisitten wurdt. A Thousand Words for Stranger wie it earste diel fan 'e Trade Pact-trilogy, dy't Czerneda ferfolge mei Ties of Power (1999) en foltôge mei To Trade the Stars (2002).

Tsjin dy tiid hie se ek Beholder's Eye (1998) en Changing Vision (2000) al útbrocht (de earste beide dielen fan 'e Web Shifters-trilogy, oer de aventoeren fan 'e froulike foarmferoarer Esen-alit-Quar) en teffens it himsels steande In the Company of Others (2001), dêr't se de Prix Aurora mei wûn foar bêste roman. In oare rûnom priizge publikaasje fan Czerneda wie har Species Imperative-trilogy, dy't tusken 2004 en 2006 útkaam, en gie oer biology, polityk en it oerlibjen fan 'e minskheid yn in ynterstellêre takomst mei withoefolle rassen fan bûtenierdske wêzens. Sûnt de iuwwiksel hat Czerneda har ûntjûn ta ien fan 'e meast foaroansteande Kanadeeske science fiction- en fantasy-auteurs.

Njonken har karriêre as fiksjeskriuwster hat Czerneda ek in stikmannich blomlêzings fan science fiction- en fantasyferhalen redigearre. Fierders hat se ferskate non-fiksjeboeken publisearre oer biologyske ûnderwerpen, karriêrekar foar jongfolwoeksenen en it ûnderwiis fan eksakte fakken. Op dat lêste mêd rette se yn No Limits: Developing Scientific Literacy Using Science Fiction learaars oan en brûk science fiction om 'e ynteresse fan 'e learlingen te wekjen en fêst te hâlden.

Wurk Romans science fiction The Clan Chronicles (ek bekend as The Trade Pact Universe-rige) The Trade Pact 1997 – A Thousand Words for Stranger 1999 – Ties of Power 2002 – To Trade the Stars 2018 – Tales from Plexis (ferhalebondel) 2004 – Brothers Bound (koart ferhaal; prequel fan 'e Stratification-trilogy) Stratification (prequeltrilogy fan The Trade Pact) 2007 – Reap the Wild Wind 2008 – Riders of the Storm 2009 – Rift in the Sky Reunification (ferfolch op The Trade Pact) 2015 – This Gulf of Time and Stars 2016 – The Gate to Futures Past 2017 – To Guard Against the Dark Webshifters-trilogy 1998 – Beholder's Eye 2002 – Prism: A Web Shifters Story (koart ferhaal; ferfolch op Beholder's Eye) 2000 – Changing Vision 2003 – Hidden in Sight 2005 – She's Such a Tasty Morsel: A Web Shifters Story (koart ferhaal) 2007 – A Touch of Blue: A Web Shifters Story (koart ferhaal) 2018 – The Only Thing to Fear (ferhalebondel) Web Shifter's Library-trilogy 2018 – Search Image 2020 – Mirage 2020 – Spectrum 2001 – In the Company of Others 2004 – The Franchise (koart ferhaal; ferfolch op In the Company of Others) Species Imperative-trilogy 2004 – Survival 2005 – Migration 2006 – Regeneration 2016 – No Place Like Home (novelle) 2022 – To Each This World fantasy Night's Edge-rige 2013 – A Turn of Light 2014 – A Play of Shadow 2019 – A Dragon for William (koart ferhaal) 2019 – The Gossamer Mage

Koarte ferhalen 1997 – First Contact Inc. (yn First Contact) 1998 – Ware the Sleeper (yn Battle Magic) 1998 – Dear John (yn X the Unknown) 1999 – Prospect Park (yn Packing Fraction & Other Tales of Science and Imagination) 2000 – Down on the Farm (yn Far Frontiers) 2000 – The Passenger (yn Treachery & Treason) 2000 – The Midas Spell (yn Spell Fantastic) 2001 – Left Foot on a Blind Man (yn Silicon Dreams) 2002 – Prism: A Web Shifters Story (yn DAW's 30th Anniversary Anthology of Science Fiction; ferfolch op Beholder's Eye) 2003 – Bubbles and Boxes (yn New Voice in Science Fiction) 2003 – I Knew a Guy Once 2004 – Brothers Bound (yn Sirius the Dog Star; prequel fan 'e Stratification-trilogy) 2004 – Out of China (yn ReVisions) 2004 – Birthday Jitters (yn Haunted Holidays) 2004 – The Franchise (yn Space Stations; ferfolch op In the Company of Others) 2005 – She's Such a Tasty Morsel: A Web Shifters Story (yn Women of War) 2005 – Peel (yn Shadow of Evil) 2005 – What Sleeps in the Shallows Belongs to the Depths (yn Eeriecon Chapbook #4: The Buffalo Fantasy League; beheinde oplaach) 2005 – Over Suds (In Which Experts Discuss the Relevance of Homely Details...) (yn Alias Assumed: Sex, Lies and SD-6) 2006 – No Place Like Home! (yn Forbidden Planets) 2007 – A Touch of Blue: A Web Shifters Story (yn Heroes in Training) 2007 – Ascent (yn Fate Fantastic) 2008 – Gossamer Magic: Intended Words (yn Jim Baen's Universe Magazine) 2012 – Water Remembers (yn Tales of the Emerald Serpent) 2012 – Charity (yn When the Villian Comes Home) 2019 – A Dragon for William (koart ferhaal yn 'e wrâld fan Night's Edge)

Non-fiksje 1993 – Great Careers for People Interested in Living Things 1994 – Great Careers for People Who Like to Work with Their Hands 1996 – Great Careers for People Interested in Communications Technology (mei Victoria Vincent) 1996 – Great Careers for People Fascinated by Government and the Law (troch Anne Marie Males, mei bydragen fan Julie E. Czerneda en Victoria Vincent) 1998 – No Limits: Developing Scientific Literacy Using Science Fiction 1999 – Packing Fraction & Other Tales of Science and Imagination (lesboek mei science fiction-ferhalen)

Redaksje Tales from the Wonder Zone-blomlêzings 2002 – Stardust 2002 – Explorer 2002 – Orbiter 2004 – Odyssey 2007 – Polaris Realms of Wonder Fantasy-blomlêzings 2004 – Summoned to Destiny 2005 – Fantastic Companions 2006 – Mytspring op harsels steande blomlêzings 1999 – Packing Fraction & Other Tales of Science and Imagination 2003 – Space Inc. 2004 – ReVisions (mei Isaac Szpindel) 2007 – UNDER COVER of Darkness 2008 – Misspelled 2009 – Ages of Wonder

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2001Prix Aurorawûnbêste romanIn the Company of Others

Keppelings om utens Offisjele webside fan Julie E. Czerneda

Kategory:Kanadeesk biolooch Kategory:Kanadeesk publisist Kategory:Kanadeesk romanskriuwer Kategory:Kanadeesk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Kanadeesk science fiction-skriuwer Kategory:Kanadeesk fantasyskriuwer Kategory:Kanadeesk boekeredakteur Kategory:Persoan berne yn 1955