thumb| Anne Anema Anne Anema (Minnertsgea, 10 febrewaris 1872 - Haarlim, 18 febrewaris 1966) wie in Nederlânsk politikus.
Wurkpaad Anne Anema studearre in skoftke klassike talen oan de Frije Universiteit Amsterdam en dêrnei rjochten oan de Universiteit Leien. Dêrnei wie er advokaat yn Ljouwert en Amsterdam en waard er yn 1904 heechlearaar boargerlik rjocht oan de FU.Parlement & Politiek, Biografyske gegevens fan Anne Anema
Anema waard yn 1921 lid fan de Earste Kamer foar de ARP. Fan jannewaris 1925 oant septimber 1926 en fan septimber 1929 oant septimber 1960 wie er fraksjefoarsitter. Doe't er yn 1960 de senaat ferliet wie er 88 jier. Sadwaande is er it âldste parlemintslid dat yn de Eerste of de Twadde Keamer sitten hat. (yn 2015)Parlemint & Polityk, Wie waren de oudste Eerste KamerledenParlemint & Polityk, Oudste Tweede Kamerlid
Fan 1934 ôf wie er lid fan de KNAW. Yn 1961 krige Anema de Sulveren Anjer fan it Prins Bernhardfûns.
Anne Anema boaske yn 1906 oan Anetta Albertha Gertzen, sy krigen in dochter.
Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk rjochtsgelearde Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk politikus Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk rjochtsgelearde Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:ARP-politikus Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Minnertsgea Kategory:Persoan berne yn 1872 Kategory:Persoan stoarn yn 1966