Els Perdok (folút: Elsina Perdok-Van Bon; Skiermûntseach, 2 july 1925Artikel oer Els Perdok yn it doarpsblêd fan Skiermûntseach wêryn't har bertedatum neamd wurdt (pdf-bestân) – Feanwâlden, 8 novimber 2017) wie in Frysk wurdboekgearstalster, dichteresse en publisiste yn it Skiermûntseagerske dialekt.
Karriêre Yn 'e njoggentiger jierren stalde hja in nije wurdlist fan it Skiermûntseagersk gear, dy't úteinlik nei in jier as njoggen yn 2001 yn útwreide foarm op it eilân publisearre waard as it 400 siden tellende Woordenboek Nederlands-Schiermonnikoogs, by de Kultuerhistoaryske Feriening 't Heer en Feer. Foar de tastânkomming fan it tritichtûzen wurden tellende Eilander Wezzenbúek, gearstald troch Willem Visser en Siebren Dyk, dat yn 2002 by de Fryske Akademy útkaam, is û.m. gebrûk makke fan Perdok har wurdlisten. Fierders publisearre Perdok oer har dialekt en skreau se der ek gedichten yn. Hja wie de suster fan 'e Skiermûntseager 'trûbadoer' Henriëtte Pieperiet-Van Bon.
Wurk 1991 – Lytje Darpen (skôging, yn: Fryske Skriuwerskalinder 1992) 2001 – Woordenboek Nederlands-Schiermonnikoogs 2002 – Hest (gedicht, yn: it Frysk Deiblêd, 3 okt.) 2003 – Fúetlasken (skôging, yn: Om de Noord)
Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk publisist Kategory:Skriuwer yn it Skiermûntseagersk Kategory:Dialektwurdboekskriuwer Kategory:Persoan berne op Skiermûntseach Kategory:Persoan berne yn 1925 Kategory:Persoan stoarn yn 2017