De Kop fan Noard-Hollân is de namme foar it noardlik part fan de provinsje Noard-Hollân. It omfiemet de gemeenten De Helder, Skagen, Hollâns Kroan en Teksel. De regio omfiemet dus ek in part fan de regio West-Fryslân yn de gemeenten Skagen en Hollâns Kroan dy't yn de Westfryske Ringdyk lizze.

Gemeenten

GemeenteYnwennertal De HelderHollâns KroanSkagenTeksel

Dialekt Yn de Kop fan Noard-Hollân wurdt it West-Frysk dialekt sprutsen. Dat dialekt hat wer ferskaat oan subdialekten; op Teksel it Tessels, op Wieringen it Wieringsk. Dy dialekten hearre ta it Eilân-Westfrysk en yn it oare part fan it gebiet wurde farianten fan it Lân-Westfrysk praat.

Ynfrastruktuer Autowegen De Kop fan Noard-Hollân is oer de Ofslútdyk mei de provinsje Fryslân ferbûn. Oer de Ofslútdyk rint de A7, dy't Saandam mei Bad Nijeskâns yn Grinslân ferbynt. It is de iennige autodyk dy't troch de Kop fan Noard-Hollân rint. Oare wichtige diken binne de N302 (Westfrisiaweg) dy't Kop fan Noard-Hollân oer de Houtribdyk ferbynt mei Flevolân, N506, N241, N245, N248, N99 en de N9 dy't fan Helder nei Alkmaar rint en dêr oanslút op de A9.

Spoarwegen Spoarline K (Amsterdam - De Helder)

Feartsjinsten Feartsjinst De Helder - 't Horntje (Teksel) ûnderhâlden troch TESO.

Lofhaven De Helder airport

Kategory:Diel fan Noard-Hollân