Gelein Jansen (1947) is in Nederlânsk taalkundige en publisist, dy't him by syn wurk konsintrearret op it Noardhollânske Waadeilân Teksel. Hy hat (yn Nederlânske taalkundige fermiddens) fral bekendheid krigen as gearstaller fan twa wurdboeken fan it Tekselske dialekt: it Tessels Woordenboek, út 1993, dat de foarm Nederlânsk-Tekselsk hat, en it Woordenboek Tessels-Nederlands, út 2006, dat de oare kant út wurket. Dêrnjonken hat Jansen ek publisearre oer de skiednis fan Teksel en it Tekselsk.

Wurk 1993 – Tessels Woordenboek – Met Sèèggies: Nederlands-Tessels 1994 – Het Fort "De Schans" op Texel 1995 – Oudhollandse Dichters en Tessels Dialect 1996 – Texel met Pen en Penceel (troch Ad Blok van der Velden, û.red.f. Gelein Jansen en Jan C. van der Pijl) 2001 – Focus op Texel (mei Simon Dros) 2004 – Texel in de Eerste Wereldoorlog 1914-1918: De Feiten op een Rij 2006 – Woordenboek Tessels-Nederlands

Kategory:Nederlânsk taalkundige Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Dialektwurdboekskriuwer Kategory:Westfrysk persoan Kategory:Teksel Kategory:Persoan berne yn 1947