Sjoerd Spoelstra (Inkhuzen, 30 april 1901 – dêre, 30 july 1967) wie in Nederlânsk sjoernalist, amateur-taalkundige, folklorist, muzikant en publisist, dy't benammen oer syn berteplak Inkhuzen publisearre.
Hy wie de soan fan Sjoerd Spoelstra sr. en Neeltje Kok. As sjoernalist brocht er it ta sjef bûtenlânske korrespondinsje. Dêrnjonken wied er siktaris fan it Inkhúster oratoariumkoar Stem en Snaren, fan 'e feriening Muziekkring, fan 'e stifting Vrienden van het Zuiderzeemuseum en fan 'e pleatslike Klokkenspelvereniging. Ek siet er yn it bestjoer fan 'e feriening Oud Enkhuizen. Hy skreau withoefolle artikels oer syn bertestêd en sammele jierrenlang ynformaasje yn foar in earste wurdboek fan it Inkhúster stedsdialekt. Uteinlik bedarre dat wurk nei syn dea yn 1981 by it Meertens Ynstitút, yn Amsterdam, dat der it Enkuizer Woordenboek út gearstalde, dat yn 1983 útkaam.
Wurk 1948-1951 – De Speelwagen 19?? – Uit het Peperhuis (1ste en 3de searje) 19?? – Jaarboek XXII (oersjoch fan publikaasjes oer Inkhuzen) 1983 – Enkhuizer Woordenboek
Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Dialektwurdboekskriuwer Kategory:Nederlânsk muzikant Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Westfrysk persoan Kategory:Westfrysk Kategory:Inkhuzen Kategory:Persoan berne yn 1901 Kategory:Persoan stoarn yn 1967