Cornelis Roggen (Hoarne (Skylge), 19 septimber 1900 – Amsterdam, 30 novimber 1985)Berte- en stjertedata fan Cornelis Roggen wie in Frysk skriuwer, dichter, toanielskriuwer, publisist, wurdboekgearstaller, taalaktivist en ûnderwizer. Hy krewearre fan 'e midden fan 'e tweintichste iuw oant syn dea foar it behâld fan syn memmetaal, it Aastersk, it Fryske dialekt dat sprutsen wurdt op it eastlike part fan it Waadeilân Skylge.

Libben en krewearjen Roggen wie hikke en tein yn it Skylger doarp Hoarne, en wurke letter op it fêstelân as kantoarklerk en ûnderwizer yn Amsterdam. Fan 'e midden fan 'e tweintichste iuw ôf wie hy de foarnaamste taalaktivist op it mêd fan syn Aasterske memmetaal. Sa skreau Roggen Aasterske gedichten en toanielstikken, en publisearre er koarte ferhalen yn fral de Harnzer Krante, dy't op Skylge in protte lêzen waard. Dêrnjonken brocht er ek non-fiksje út oer ûnderwerpen dy't mei it Aastersk en Skylge te krijen hiene, wêrûnder in postúm ferskynd skiedkundich wurk oer it hiele eilân, Terschelling: Zijn Naam en Andere Bijzonderheden (1987), en in selsstúdzjekursus yn it Aastersk, Aasters – Dialect Oosterschelling: Zelfstudie (1976).

Cornelis Roggen syn namme is lykwols fral ferbûn mei it Wêdenboek fon et Aasters, it earste wurdboek fan ien fan 'e Skylger dialekten, dat yn 1976 by de Fryske Akademy útkaam. Fjouwer jier letter folge ek noch in omsette wurdlist Nederlânsk-Aastersk. Teffens assistearre Roggen by de tastânkomming fan 'e earste wurdlist fan it Skylgersk, it susterdialekt fan it Aastersk, dy't tusken 1980 en 1983 gearstald waard troch Martha van Wichen-Schol. Ek op organisatoarysk mêd wie Roggen aktyf; sa wied er ien fan 'e oprjochters fan 'e kultuerhistoaryske Stifting Ons Schellingerland en wied er ek gauris yn 't spier foar de Skylger Klub fan Amsterdam.

Syn ynset waard beleanne mei in keninklike ûnderskieding yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau en de Lutinepriis fan 'e gemeente Skylge. Roggen syn hope dat it Aastersk ea nochris in plak krije soe as learfak yn it pleatslike basisûnderwiis waard letter wurklikheid, mei't it tsjintwurdich it iennichste Waaddialekt is dêr't op 'e skoallen lessen yn jûn wurde.

Wurk non-fiksje 1972 – Terschelling Buitengaats (mei T.W. Dekker) 1976 – Aasters – Dialect Oosterschelling: Zelfstudie 1976 – Woordenboek van het Oosterschellings - Wêdenboek fon et Aasters 1976 – De Grie Bedijkt (yn: de Ljouwerter Krante) 1980 – Woordenlijst Nederlands-Aasters 1987 – Terschelling: Zijn Naam en Andere Bijzonderheden (skiednis)

fiksje 1978 – Fetelsjys: Toneelstikjes, Borrebjear fon Froeger in Nog Mear (ferhalen, fersen en toaniel) 1980 – Fon Froeger: Fon Jonkje nei Jonge, Fertelsjys (toaniel) 1981 – Fjoertoer (yn: Terschelling... Rijmt en Dicht) koarte ferhalen yn 'e Harnzer Krante: 1973 – Yn Amsterdam út Iten 1975 – Hierknippe 1975 – Pilefretters 1975 – De Broek 1975 – Ol Wer un Broek 1975 – Et Gebit 1976 – Et Kleedsje 1976 – De Hôane 1976 – Fetelsjys I 1976 – Liespoeë 1976 – Coloratuur 1976 – Iel 1976 – Fetelsjys II 1977 – Hoeng 1977 – Et Swatte Wiif 1977 – Bolle 1977 – Iedgos 1978 – Jarje 1978 – Wyn 1978 – Jurk 1978 – Tillegram 1979 – Brulloft 1979 – Stintsjys 1979 – Oarlog 1979 – Un Schyljer 1980 – Krae 1980 – Smidden 1980 – Smid 1980 – Fyn 1981 – Feesten 1981 – Fetelsjys I 1981 – Borrebjear 1981 – Fetelsjys II 1981 – Hengelje 1982 – Hekken 1983 – Skiep 1984 – Fulkaan

Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Aastersk Kategory:Dialektwurdboekskriuwer Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk taalaktivist Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk taalaktivist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Hoarn (Skylge) Kategory:Persoan berne yn 1900 Kategory:Persoan stoarn yn 1985