Dirk Dekker (Aldeskyld, 28 maart 1822 – Den Helder, 1903) wie in Nederlânsk skriuwer, toanielskriuwer, publisist en ûnderwizer, dy't berne wie op it Noardhollânske Waadeilân Teksel. Hy is benammen bekend wurden om't er ien fan 'e earste auteurs wie dy't foar syn skriuwwurk gebrûk makke fan in Waaddialekt.

Libben Dekker waard yn 1822 berne yn Aldeskyld, op Teksel. Hy waard ûnderwizer en skoalhaad te Den Helder. Yn syn frije tiid skreau er yn it Nederlânsk blijspullen, pamfletten (lykas Is het uw belang de Rijkspostspaarbank te kiezen boven een particuliere?) en skiedkundige wurken (lykas Ontwikkelingsgeschiedenis en Beschrijving der Gemeente Helder). Mar dêrnjonken skreau er ek yn syn memmetaal, it Tekselske dialekt, bygelyks Texelsche Vertellingen (1867) en 't Fingertje naast den Duum en Neeltjes Nol (1871). Yn syn koarte ferhaal De Deuvekaters (1875) beskriuwt er in moard dy't op Teksel om 'e kryst hinne plannearre en útfierd wurdt mei in deuvekater, in grutte hurde bôle dy't men eartiids op it eilân mei de krystdagen tradisjoneel iet troch him yn 'e molke te weakjen. Dat ferhaal is skreaun yn it Nederlânsk, mar alles dat de Tekselske personaazjes sizze, is optekene yn it Tekselsk.

Keppeling om utens Dirk Dekker yn it Biografysk portaal fan Nederlân

Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Skriuwer yn it Tekselsk Kategory:Westfrysk persoan Kategory:Teksel Kategory:Persoan berne yn 1822 Kategory:Persoan stoarn yn 1903