Engel Molenaar (East-Flylân, 10 maaie 1868 – Koog aan de Zaan, 24 oktober 1939) wie in Nederlânsk ûnderwizer en publisist dy't berne wie op it (doe noch) Noard-Hollânske Waadeilân Flylân.Berte-akteDea-akte

Libben Molenaar wie hikke en tein op Flylân, mar ferliet it eilân doe't er fjirtjin jier wie. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer oan 'e kweekskoalle yn Alkmaar en brocht jierren troch mei reizgjen (backpacken, soe men tsjintwurdich sizze) troch de Feriene Steaten, Frankryk, Dútslân en Belgje. Mei 48 jier fêstige er him yn Midslân, op Skylge, dêr't er foar de klasse stie. Doe't er 62 jier wie, ferfear er nei Medemblik, yn West-Fryslân. Ynsafier't bekend is, hat er nei syn fjirtjinde nea mear op Flylân wenne. Njonken syn skoalmasterskip publisearre er oer de natoer en skiednis fan Flylân, en teffens skreau er – blykber inkeld om't er der aardichheid oan hie, want hy publisearre se nea – in stikmannich koarte ferhaaltsjes yn it Flylânske dialekt. Dêryn beskreau er benammen autobiografyske foarfallen út syn jonkheid op it eilân. Molenaar ferstoar yn 1939, mar syn ferhaaltsjes waarden yn 'e njoggentiger jierren fan 'e tweintichste iuw weromfûn en troch J.H. Nanninga publisearre yn it tydskrift fan 'e histoaryske feriening fan Flylân. Se foarmje it grutste part fan 'e oerlevere teksten yn it no útstoarne Flylânske dialekt.

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk publisist Kategory:Skriuwer yn it Flylânsk Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Westfrysk persoan Kategory:Persoan berne op Flylân Kategory:Persoan berne yn 1868 Kategory:Persoan stoarn yn 1939