Penza (Russysk: Пенза) is in stêd yn Ruslân, haadstêd fan de oblast Penza, op it Wolgaplato oan de rivier de Soera, in lytse 600 km súdeastlik fan Moskou.
Skiednis Penza waard yn opdracht fan tsaar Aleksej Michailovitsj it jier 1663 stifte as ûnderdiel fan 'e fersterkings om it tsaardom oan 'e súdeastlike grins te beskermjen tsjin oanfallen fan 'e Krimtataren. Yn 1716 waard Penza in provinsjehaadstêd yn it gûvernemint Kazan en yn 1796 letter de haadstêd fan it gûvernemint Penza. Yn 1874 waard de stêd oansletten op it Russysk spoarnet.
Nei de Oktoberrevolúsje fan 1917 begûn de Russyske Boargeroarloch. Op 29 maaie 1918 waard de stêd troch kontrarevolúsjonêre troepen fan it Tsjechoslowaakske Legioen ûnder Stanislav Čeček ynnommen, dy't oan 'e kant fan 'e Komûtsj (Komitee fan Leden fan 'e Grûnwetlike Gearkomste) stiene. Nei twa dagen tôgen hja fierder, wêrtroch't it Reade Leger de kontrôle oer de stêd werom krije koe.
Doe't op 7 febrewaris 1939 troch ôfspjalting fan 'e oblast Tambov de oblast Penza ûntstie, waard de stêd oanwiisd as it bestjoerlike sintrum dêrfan.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich leit Penza fier genôch yn it easten om bûten it berik fan Dútske troepen te bliuwen. Fabriken út stêden lykas Moskou, Leningrad en Charkov ferhûzen nei de Dútske ynfal nei Penza en de stêd feroare yn in koart skoft tiid yn in grut yndustrieel sintrum foar de oarlochsproduksje. Ek waarden der in grut tal sikehûzen boud foar it fersoargjen fan ferwûne soldaten. Fan 1945 oant 1947 bestiene yn 'e stêd de kriichsfinzenekampen nûmer 161 en 399 foar Dútske, Roemeenske en Hongaarske kriichsfinzenen.
Befolking Jier 1897 1939 1959 1970 1979 Ynwennertal 59.981 159.776 255.481 373.650 482.916 Jier 1989 2002 2010 2020 Ynwennertal 542.612 518.025 517.311 509.513
Underwiis en kultuer Penza is in regionaal sintrum foar heger ûnderwiis. Der binne fiif universiteiten, wêrûnder in technyske en in lânbou-universiteit, en ferskate hegeskoallen, wêrûnder in ekonomyske hegeskoalle en in opliedingsynstitút foar artillery-ingenieurs. Dernjonken hat de stêd trije teäters en fjouwer museä.
Berne yn Penza Vsevolod Meyerhold, regisseur en akteur Vsevolod Poedovkin, regisseur en filmteoretikus Viktor Boerajev (1982), atleet Sergej Peroenin (19 july 1988), swimmer
Kategory:Plak yn Penza (oblast) Kategory:Plak stifte yn 1663