De Russyske Federaasje is ûnderferdield yn 83 ferskillende bestjoerlike ienheden, wêrûnder 46 oblasten. It wurd oblast’ (Область) is Russysk foar "provinsje". Oblasten hawwe in eigen parlemint (dûma) en fertsjintwurdigers yn it federale parlemint, de steatsdûma. De gûverneur fan in oblast is teffens lid fan 'e Federaasjeried fan Ruslân, wat it federale hegerhûs fan Ruslân is. Oblasten hawwe gjin selsbestjoer, sa't de autonome republiken dat wol hawwe.

Yn 2000 is der in oerkoepeljende bestjoerlike laach boppe de oblasten ynsteld, dy fan 'e federale distrikten. Dêryn wurde de bestjoerlike ienheden (46 oblasten of provinsjes, 9 territoaria, 2 federale stêden, 4 autonome gebieten, 1 autonome provinsje en 21 autonome republiken) yn groepen yndield, poer om regear en plenning makliker te meitsjen. Sokke federale distrikten binne te ferlykjen mei de lânsdielen fan Nederlân; krekt as bygelyks Noard-Nederlân, dêr't foar it gemak Fryslân, Grinslân en Drinte wol ûnder beflapt wurde, hawwe se gjin inkele basis yn 'e grûnwet, en likemin wurde se as lidsteaten fan 'e Russyske Federaasje beskôge.

De oblasten fan Ruslân 600px 1. Amoer 2. Archangelsk 3. Astrachan 4. Belgorod 5. Brjansk 6. Tsjeljabinsk 7. Tsjita (opheft) 8. Irkûtsk 9. Ivanovo 10. Kaliningrad 11. Kalûga 12. Kemerovo 13. Kirov14. Kostroma 15. Koergan 16. Koersk 17. Leningrad 18. Lipetsk 19. Magadan 20. Moskou 21. Moermansk 22. Nizjni Novgorod 23. Novgorod 24. Novosibirsk 25. Omsk26. Oarenburch 27. Orjol 28. Penza 29. Pskov 30. Rostov 31. Rjazan 32. Sachalin 33. Samara 34. Saratov 35. Smolensk 36. Sverdlovsk 37. Tambov38. Tomsk 39. Tver 40. Tûla 41. Tjûmen 42. Uljanovsk 43. Vladimir 44. Wolgograd 45. Vologda 46. Voronezj 47. Jaroslavl 48. Cherson* (net op 'e kaart) 49. Zaporizja* (net op 'e kaart) *) Omstriden. Ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan 'e Oekraïne.

Kategory:Geografy fan Ruslân Kategory:Oerheid fan Ruslân