Hinke Veenstra (Garyp, 10 oktober 1958) is in Fryske fotografe, dichter en tekstskriuwster.

Libben Hinke Veenstra waard berne as dochter fan de Fryske skilder en dichter Sipke Veenstra (1924-2002) en Siebrigje Bos (1926-1991). Veenstra wennet yn Drachten.

Wurk Hinke Veenstra skriuwt Fryske gedichten en koarte ferhalen, mar skriuwt en ferfrysket ek berneferhalen, gauris ynspirearre troch har beppesizzers en it deistige. Har dichten besiket hja te skriuwen oer har sykjen nei de betsjutting ‘efter de dingen’. Yn har fotografy besiket hja it deistige sintraal te setten, mar dan út in net alledeistige ynfalshoeke.

Op 18 april 2015 publisearre Veenstra har debútbondel Lang om let yn Beetstersweach, in bondel mei eigen gedichten en fotografy.Wâldnet: https://www.waldnet.nl/wn/nieuws/47972/Hinke_Veenstra_publiceert_gedichtenbundel.html

As tekstskriuwster hat hja Fryske sjongteksten en oersettings skreaun, lykas 'Rare Fûgel', skreaun foar it solo-album fan Jehannes Kats Veenstra, sjonger fan de Fryske Bluesband 'Healers'. Foar dy band hat hja ek twa oare nûmers skreaun.

Yn 2020 ferskynde Veenstra har twadde gedichtebondel, heit en ik, in kombinaasje fan eigen wurk en dat fan har heit Drachtster Krante, 22 july 2020.

Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Frysk lietsjeskriuwer Kategory:Frysk oersetter Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Garyp Kategory:Persoan berne yn 1958