Sipke Veenstra (Garyp, 7 jannewaris 1924 – Drachten, 14 july 2002)"Friese dichter Veenstra overleden", Ljouwerter Krante, 18 july 2002 wie in Frysk dichter, skriuwer fan koarte ferhalen en muzykman. Hy skildere ek wat, mar neamde himsels dêryn yn in fraachpetear "in pielder."
Sipke Veenstra boaske oan Siebrigje Bos (1926-1991). Fan harren fjouwer bern binne Jehannes Veenstra, sjonger fan De Healers, en Hinke Veenstra, tekstskriuwster en fotografe, de artistike kant opgien.
Guon fan Sipke Veenstra's gedichten waarden, koart nei syn ferstjerren op muzyk set troch in pakesizzer, de Fryske komponist Sipke Hoekstra.
Publikaasjes Veenstra joech fjouwer dichtbondels út. 1987: Grien Ljocht 1989: Hjoed 1991: Wat Ik Sizze Woe 1994: Myn Taal
Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk muzikant Kategory:Persoan berne yn Garyp Kategory:Persoan stoarn yn Drachten Kategory:Persoan berne yn 1924 Kategory:Persoan stoarn yn 2002