thumb|Trini Lopez yn 1963. Trini Lopez (berne as Trinidad López III, Dallas (Teksas), 15 maaie 1937 - Palm Springs, 11 augustus 2020) wie in Amerikaansk sjonger fan Meksikaansk komôf.

Lopez hie in soad súkses yn 1963 mei it liet If I had a hammer dat it earste plak yn de hitlisten yn 25 lannen helle, ek de Nederlânske Tijd voor Teenagers Top 10. It nûmer stie op syn debútalbum Trini Lopez Live at PJ's, dat ferskynde op Reprise Records, it platelabel fan Frank Sinatra. Ek La Bamba fan deselde lp waard in hit. Letter hie Lopez noch súkses mei ûnder oaren This land is your land, Kansas City en Adalita.

Lopez wie ek akteur, mar pykte der op dat mêd net út. Njonken Sinatra en Dean Martin die er mei yn syn earste film "Marriage On The Rocks" (1965). De bekendste film dêr't er yn spile wie "The Dirty Dozen" (1967).

Ek anno 2014 ferskynde Trini Lopez noch op 'e planken.

Trini Lopez stoar yn de âldens fan 83 jier oan de gefolgen fan COVID-19.

Albums 1963 Trini Lopez at PJ's 1963 More Trini Lopez at PJ's 1964 On the Move 1964 Live at Basin St. East 1964 The Latin Album 1965 The Folk Album 1965 The Love Album 1965 The Rhythm and Blues Album 1965 The Sing Along World of Trini Lopez1965 Trini Lopez Live in South Africa1966 Trini1966 The Second Latin Album1966 Greatest Hits1967 In London1967 Now!1968 It's a Great Life1968 Welcome to Trini Country1969 The Whole Enchilada1969 The Trini Lopez Show1971 Trini Lopez Live in Tokyo1972 Viva1977 Y Su Alma Latina1978 Transformed By Time1991 The 25th Anniversary Album1998 Dance Party2000 Aylole-Aylola2001 Dance the Night Away2002 Legacy: My Texas Roots2005 Romantic and Sexy Guitars2008 Ramblin' Man2011 Into the Future'', Trilo Records

Op CD

Titel Label Utbrocht Welcome To Trini Country Collectables 1990 Teenage Love Songs Bear Family 1995 Hits & Rarities Marginal 1996 Singles Collection Reyes 2001 Only The Best Of Trini Lopez Collectables 2008 Sinner Not A Saint ACE 2011 Live At PJ's Warner 2013

Keppeling om utens Offisjeel webstee

Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk sjonger yn it Spaansk Kategory:Amerikaansk persoan fan Meksikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1937 Kategory:Persoan stoarn yn 2020