De bevereftigen (wittenskiplike namme: Castoridae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e bevers en goffers (Castorimorpha) en de lyknammige boppefamylje fan 'e bevereftigen (Castoroidea). Dizze famylje omfettet in hiel soad útstoarne en mar twa libbene soarten, dy't beide ta itselde skaai hearre, nammentlik dat fan 'e bevers (Castor). Bevereftigen binne grutte, semy-akwatyske, herbivoare kjifdieren dy't yn groepen libje en yn it wetter flugger en liniger binne as op it lân. Se hawwe in ôfplatte sturt dy't har helpt by it swimmen, en se lizze dammen oan om har boarch te befeiligjen.
Famylje-opbou
famylje bevereftigen (Castoridae) incertae cedis (yndieling ûnwis) skaai Migmacastor † ûnderfamylje Agnotocastorinae † tûke Agnotocastorini † skaai Agnotocastor † skaai Neatocastor † tûke Anchitheriomyini † skaai Anchitheriomys † skaai Oligotheriomys † skaai Propalaeocastor † ûnderfamylje bevereftigen (Castorinae) skaai bevers (Castor) bever of Jeraziatyske bever (Castor fiber) Castor zdanskyi † Castor andersoni † Kalifornyske bever (Castor californicus) † Kanadeeske bever (Castor canadensis) skaai Chalicomys (ek wol foutyf bekend as Palaeomys) † skaai Hystricops † skaai Romanofiber † skaai Schreuderia † skaai Sinocastor † skaai Steneofiber † skaai Zamolxifiber † ûnderfamylje Castoroidinae † incertae cedis (yndieling ûnwis) skaai Priusaulax † tûke Castoroidini † skaai Castoroides † skaai Dipoides † skaai Monosaulax † skaai Procastoroides † skaai Prodipoides † tûke Nothodipoidini † skaai Eucastor † skaai Microdipoides † skaai Nothodipoides † tûke Trogontheriini † skaai Asiacastor † skaai Boreofiber † skaai Euroxenomys † skaai Youngofiber † skaai Trogontherium † ûnderfamylje Palaeocastorinae † incertae cedis (yndieling ûnwis) skaai Capacikala † skaai Palaeocastor † skaai Pseudopalaeocastor † tûke Euhapsini † skaai Euhapsis † skaai Fossorcastor †
Kategory:Sûchdierefamylje Kategory:Kjifdier