Pavia is in stêd yn de Italjaanske regio Lombardije. It is de haadstêd fan de provinsje Pavia. Pavia leit yn de Poflakte, 25 kilometer besuden Milaan. De rivier Ticino streamt troch de stêd, in stikmannich kilometers foardat er in de Po útmûnet.

Yn de tiid fan it Romeinske Ryk hjitte de stêd, lykas als de rivier Ticinum. Doe't nei de delfal fan dat ryk ferskate Germaanske folken de kontreien ynfoelen waard de stêd fan strategysk belang. Under de namme Papia wie Pavia fan de 7e iuw ôf oan de haadstêd fan de Longobarden. De stêd krige yn de 14e iuw in universiteit. Yn dy perioade waard de dom ek boud.

Hjoeddedei is Pavia ien fan de yndustriële sintrums op de Poflakte, spesjalisearre yn ûnder mear fiedingsmiddelen, gemy en tekstyl. Yn de Enoteco regionale is in permaninte útstalling fan winen út Lombardije ynrjochte. Acht kilometer fan de stêd ôf leit it Certosa di Pavia, in bekend kartuzerkleaster mei in protte let-romaanske en goatyske keunstúterings.

Foto's

Berne yn Pavia Girolamo Cardano (24 septimber 1501), wittenskipper Francesco Corbetta (1615–1681), gitaarfirtuoas, learaar en komponist Tranquillo Cremona (1837–1878), keunstskilder Claudia Muzio (1889–1936), operasjonger Carlo M. Cipolla (1922–2000), ekonomysk histoarikus

Stoarn yn Pavia Boëtius (480-526), skriuwer Durk fan Hollân (?-1197), biskop

Sjoch ek Slach by Pavia

Keppelings om utens Toeristyske ynformaasjei Toerisme yn Pavia Ofbylden fan Pavia It waar yn Pavia

Kategory:Gemeente yn Lombardije Kategory:Plak yn Lombardije