De Winter Music Conference (WMC), of "Wintermuzykkonferinsje", is in jierliks elektroanysk en dance-muzykfestival dat elts jier yn maart holden wurdt yn Miami Beach, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida. It duorret altyd in wike en waard foar it earst organisearre yn 1985. De Winter Music Conference is fan oarsprong en benammentlik bedoeld foar profesjonele leden fan 'e elektroanyske muzykyndustry, lykas artysten, dj's, fertsjintwurdigers fan platelabels, muzykprodusinten, muzykpromoaters, fertsjintwurdigers fan radiostasjons en de media. Dêrnjonken wurde lykwols ek eveneminten foar de sljochtwei muzykfans organisearre, lykas it Ultra Muzykfestival, demonstraasjes, workshops en de útrikking fan 'e International Dance Music Awards.

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e ''Winter Music Conference

Kategory:Muzykfestival yn de Feriene Steaten Kategory:Elektroanyske muzyk Kategory:Kultuer yn Floarida Kategory:Evenemint yn Floarida Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1985