De MTV Video Music Awards of VMA's binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier troch de muzykstjoerder MTV útrikt wurde foar de bêste fideoklips fan it foargeande jier. Dizze prizen waarden oarspronklik betocht om (op it mêd fan fideoklips) te konkurrearjen mei de Grammy Awards, de wichtichste Amerikaanske muzykprizen. De earste útrikking fûn plak yn 1984. Meitiid fûn der min ofte mear in skifting nei âldens plak, wêrby't de MTV Video Music Awards tiners en tweintigers oan har wisten te binen, wylst de Grammys in âlder publyk loeken. Tsjin 2000 hearden de MTV Video Music Awards ta de meast prestizjeuze muzykprizen fan 'e Feriene Steaten. De útrikking fynt yn 'e regel oan 'e ein fan 'e simmer plak, yn ein augustus of begjin septimber, en wurdt live op MTV útstjoerd. Ornaris wurdt de seremoanje yn New York of Los Angeles holden, mar it barren hat ek alris plakfûn yn Miami en Las Vegas.
Kategoryen hjoeddeistige kategoryen fideoklip fan it jier bêste fideoklip fan in manlike artyst bêste fideoklip fan in froulike artyst artyst om nei út te sjen (earder: "bêste nije artyst") bêste pop-fideoklip bêste rock-fideoklip bêste hiphop-fideoklip MTV Clubland Award (takend as de "bêste dûnsfideoklip" fan 1989 oant 2006, de "bêste dûns yn in fideoklip" yn 2008, de "bêste dance-muzykfideoklip" yn 2010 en de "bêste elektroanyske dance-muzykfideoklip" yn 2012) bêste gearwurking bêste rezjy bêste goreografy bêste fisuële effekten bêste kamerarezjy (art direction) bêste editing bêste sinematografy bêste fideoklip mei in maatskiplik boadskip bêste liettekst yn in fideoklip bêste Latino-artyst Michael Jackson Video Vanguard Award (foar ynnovaasje op it mêd fan fideoklips)ophefte kategoryen Special Recognition Award ("spesjale erkenningspriis"; 1984-1986) bêste algemiene optreden yn in fideoklip (1984-1987) eksperiminteelste fideoklip (1984-1987) bêste konsept foar in fideoklip (1984-1988) bêste poadiumoptreden yn in fideoklip (1984-1989) bêste trochbraak mei in fideoklip (1988-2005 & 2009-2010) bêste postmoderne fideoklip (1989-1990) bêste lange fideoklip (1991) bêste alternative fideoklip (1991-1998) bêste webside fan in artyst (1999) bêste fideoklip út in film (1987-2003) ynternasjonale publykspriis (1989-2003) bêste R&B-fideoklip (1993-2006) bêste rap-fideoklip (1989-2006) MTV2 Award (2001-2006) publykspriis (Viewers' Choice; 1984-2006) bêste soundtrack fan in fideospultsje (2004-2006) bêste werkenningsmeldij fan in fideospultsje (2006) ringtone fan it jier (2006) bêste fideoklip fan in groep (1984-2007) Quadruple Threat of the Year (2007) meunster-single fan it jier (2007) bêste Britske fideoklip (2008) bêste fideoklip (dy't in Moanneman winne moatten hie) (2009; in "Moanneman", Moonman, is de namme fan 'e MTV Video Music Award-trofee) meast share-wurdige fideoklip (2012) bêste liet fan 'e simmer (2013)
Oare MTV-prizen Behalven de Feriene Steaten hawwe ek oare dielen fan 'e wrâld har eigen VMA's: Afrika: de MTV Africa Music Awards Aazje: de MTV Asia Music Awards Austraalje: de MTV Australia Music Awards Belgje: de TMF Awards Belgium Brazylje: de MTV Music Awards Brazil de Filipinen: de MTV Pilipinas Music Awards Fjetnam: de MTV Vietnam Music Video Prize Japan: de MTV Video Music Awards Japan Jeropa: de MTV Europe Music Awards Yndia: de MTV Immies Itaalje: de TRL Awards Latynsk-Amearika: de Premios MTV Latinoamérica Nederlân: de TMF Awards Roemeenje: de MTV Romania Music Awards Ruslân: de MTV Russia Music Awards Spanje: de Premios TeleHit
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e MTV Video Music Awards
Kategory:Popmuzykpriis Kategory:Amerikaanske muzykpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1984