Dierepark Sânjeszoo (Nederlânsk en offisjeel: Dierenpark Sanjeszoo), of koartwei Sânjeszoo, is in dieretún yn Feanwâlden. De dieretún is ûnderdiel fan Sânjes Safary, dat ek it boarterspark SânjesFertier en ferdivedaasjepark SânjesPlezier omfiemet.

It dierepark gie yn july 2012 iepen en wie in útwreiding fan de al besteande Sânjesparken. Op 20 maaie 2026 wie der in grutte brân yn it park dêr't ek in mannichte bisten by omkamen.——, Brand verwoest gebou Sanjes Zoo: meerdere dieren omgekomen, op: Wâldnet.nl, 20 maaie 2026., Dieren komen om by brand SanjesZoo, yn: de Ljouwerter Krante, 21 maaie 2026, s. 1 en 3.

Natuermuseum Bruinenberg It Natuermuseum Dokkum, in natoerhistoarysk museum, waard yn 1951 oprjochte troch preparateur Ab Bruinenberg. Ta de kolleksje hearden û.m. opsette fûgels, mineralen, koralen, skulpen en stiennen oanfolle troch natoerfoto's fan Ab Bruinenberg en skilderijen fan syn frou Pytsje Bruinenberg. Yn 2012 museum yn Dokkum in oar ûnderkommen sykje om't de gemeente Dongeradiel in oar doel hie foar it gebou. Yn 'e stêd wie gjin gaadlik plak te finen, dat der waard fierder omsjoen. Uteinlik fûn it museum ûnderdak yn it Dierepark Sânjeszoo.

Ein 2012, of ier yn 2013, ferhuze it museum út Dokkum wei nei Feanwâlden, dêr't it syn yntrek naam op de earste ferdjipping fan it haadgebou fan it dierepark. Om't it dêr fansels net mear Natuermuseum Dokkum hjitte koe, waard de namme feroare yn Natuermuseum Bruinenberg, om 'e oprjochter te earjen. Op 31 maaie 2013 wie de offisjele iepening fan it museumAgenda Natuurmuseum Bruinenberg Natuermuseum Bruinenberg (rieplachte 8 novimber 2013)Info Natuurmuseum Bruinenberg Natuermuseum Bruinenberg (rieplachte 8 novimber 2013) De feriening dy't oer it museum gie, koe gjin bestjoersleden mear fine, dat yn 2025 waard definityf de hiele kolleksje fan it Natuermuseum Bruinenberg oerdroegen oan Dierpark SânjesZoo. By in grutte brân yn SânjesZoo op 20 maaie 2026 baarnde it haadgebou folslein út. Dêrby gie ek de hiele kolleksje fan it Natuermuseum Bruinenberg ferlern. Op dy tryste wize kaam der in ein oan it museum.

Keppeling om utens Offisjele webside fan Dierepark SânjesZoo Webstee Natuermuseum Bruinenberg

Kategory:Feanwâlden Kategory:Dieretún yn Fryslân Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2012 Kategory:Bouwurk út 2012