De Teen Choice Awards binne in grutte groep Amerikaanske prizen dy't sûnt 1999 ienris yn it jier útrikt wurdt foar de bêste wurken en prestaasjes op it mêd fan muzyk, film, tillefyzje, moade, sport en literatuer fan it foargeande jier. De tawizing fan 'e prizen soe bewurkmastere wurde troch in online-stimming dêr't inkeld tiners tusken de 13 en 19 jier oan meidwaan meie. Sawol dy stimming as de útrikkingsseremoanje wurde organisearre troch de tillefyzjestjoerder FOX, dy't de seremoanje ek útstjoerd. De winners krije in surfplanke (op wiere grutte) útrikt, dy't bedrukt is mei it logo fan 'e útrikkingsseremoanje fan dat jier.
Yn augustus 2014 kaam troch de tweets fan ferskate winners nei bûten dat sy al in wike foar't it stimmen foarby wie op 'e hichte steld wiene fan har oerwinning. Desyllúzjonearre fans begûnen de hashtag "#TeensDontHaveAChoiceAwards" te brûken en murken einlings de disclaimer yn 'e ôftiteling fan 'e útrikkingsseremoanje op wêryn't steld waard dat de produsinten it rjocht foarbeholden om sels de winners út te kiezen. Doe begûnen se har ôf te freegjen wêr't se eins om stimd hiene. It is noch net dúdlik oft en sa ja, hoe't dit de Teen Choice Awards fan 2015 beynfloedzje sil.
Kategoryen filmprizen bêste film: aksje bêste film: drama bêste film: komeedzje bêste film: romantyk bêste film: science fiction/fantasy bêste filmakteur: aksje bêste filmaktrise: aksje bêste filmakteur: drama bêste filmaktrise: drama bêste filmakteur: komeedzje bêste filmaktrise: komeedzje bêste filmakteur: romantyk bêste filmaktrise: romantyk bêste filmakteur: science fiction/fantasy bêste filmaktrise: science fiction/fantasy bêste filmakteur of -aktrise: trochbraak bêste filmakteur of -aktrise: sênesteller bêste filmakteur of -aktrise: smjunt bêste filmakteur of -aktrise: koart lontsje bêste filmakteur en -aktrise: gemy bêste filmakteur en -aktrise: tút bêste simmerfilm: aksje bêste simmerfilm: komeedzje bêste simmerfilmakteur bêste simmerfilmaktrise muzykprizen bêste muzyk: manlike artyst bêste muzyk: froulike artyst bêste muzyk: groep bêste muzyk: R&B-artyst bêste muzyk: hiphop-artyst bêste muzyk: rockgroep bêste muzyk: elektroanyske dance-muzykartyst bêste muzyk: countrygroep bêste muzyk: manlike country-artyst bêste muzyk: froulike country-artyst bêste muzyk: trochbraak fan in artyst bêste muzyk: trochbraak fan in groep bêste muzyk: single fan in manlike artyst bêste muzyk: single fan in froulike artyst bêste muzyk: single fan in groep bêste muzyk: rock-liet bêste muzyk: leafdesliet bêste muzyk: útmakliet bêste muzyk: R&B/hiphop-liet bêste muzyk: country-liet bêste muzyk: simmerliet bêste muzyk: manlike simmermuzykstjer bêste muzyk: froulike simmermuzykstjer bêste muzyk: simmermuzykgroep bêste muzyk: simmertoernee tillefyzjeprizen bêste tillefyzje: aksjesearje bêste tillefyzje: dramasearje bêste tillefyzje: komeedzjesearje bêste tillefyzje: science fiction/fantasysearje bêste tillefyzje: tekenfilmsearje bêste tillefyzje: realitysearje bêste tillefyzje: realitywedstrydsearje bêste tillefyzje: trochbraak fan in searje bêste tillefyzje: simmertillefyzjesearje bêste tillefyzje-akteur: aksje bêste tillefyzje-aktrise: aksje bêste tillefyzje-akteur: drama bêste tillefyzje-aktrise: drama bêste tillefyzje-akteur: komeedzje bêste tillefyzje-aktrise: komeedzje bêste tillefyzje-akteur: science fiction/fantasy bêste tillefyzje-aktrise: science fiction/fantasy bêste tillefyzjepresintator bêste tillefyzjepresintatrise bêste manlike realitystjer bêste froulike realitystjer bêste trochbraak fan in tillefyzjestjer bêste tillefyzje-akteur: sênesteller bêste tillefyzje-aktrise: sênesteller bêste filmakteur of -aktrise: smjunt bêste manlike simmertillefyzjestjer bêste froulike simmertillefyzjestjer net-tradisjonele prizen bêste boek meast seksy manlike stjer meast seksy froulike stjer bêste manlike ikoan fan it reade tapyt bêste froulike ikoan fan it reade tapyt bêste komyk bêste ynternetstjer bêste twitterder bêste fampier spesjale prizen Do Something Award (foar bûtengewoane tiners) Extraordinary Achievement Award (foar in bûtengewoane prestaasje) Courage Award Visionary Award Ultimate Choice Award Acuvue Inspire Award
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Teen Choice Awards
Kategory:Amerikaanske filmpriis Kategory:Amerikaanske telefyzjepriis Kategory:Amerikaanske muzykpriis Kategory:Popmuzykpriis Kategory:R&B-priis Kategory:Hiphoppriis Kategory:Rockpriis Kategory:Dancepriis Kategory:Countrypriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1999