Kristen Britain (18 oktober 1965), is in Amerikaansk skriuwster fan fantasyromans, dy't yn 1998 har debút makke mei Green Rider. Earder wie se wurksum as parkwachter yn ferskate nasjonale parken yn 'e Feriene Steaten. Underwilens hat se nominaasjes yn 'e wacht sleept foar ferskate prizen. Britain har sechsde boek ferskynde yn 2017.

Libben en karriêre Kristen Britain, dy't fan mingd Angelsaksysk-Amerikaansk en Dútsk etnysk komôf is, groeide op yn 'e krite fan 'e Finger Lakes, yn 'e Amerikaanske steat New York, dêr't se al ier hynsteriden learde. Doe't se njoggen jier wie, sette se útein mei har earste roman, in ûnderseeske fantasij mei harsels en har freondinnen yn 'e haadrol. Doe't se trettjin jier wie, brocht se har earste boek út, in cartoonsamling mei de titel Horses and Horsepeople.

Nei't se yn 1987 in bachelorstitel yn filmproduksje helle hie oan it Ithaca Kolleezje te Ithaca, mei as byfak skriuwen, socht en fûn Britain yn 1988 wurk as in parkwachter (park ranger) by de Amerikaanske Nasjonale Parktsjinst. Har beslút om dy kant út te gean, hie se nommen nei in petear mei in parkwachter by in besyk oan it Women's Rights National Historical Park yn Opper-New York. Har earste oanstelling, foar ien seizoen, ferfolle se yn 'e Clara Barton National Historic Site yn Marylân. Tsjin 'e tiid dat se har earste boek publisearre, wurke se foltiids yn it Nasjonaal Park Acadia, yn Maine, en nei eigen sizzen helle se út it lânskip dêre in protte ynspiraasje foar it oansjen fan it lân Sacoridia, dêr't Britain har ferhaal sitewearre. Troch har baan by de parktsjinst koe se har wurk dwaan op sokke útinoar rinnende plakken as 90 m ûnder it ierdoerflak oant 4.000 m boppe seenivo yn 'e Rocky Mountains, en fan 'e tekstylfabriken fan 'e Amerikaanske Yndustriële Revolúsje en de wenten fan Amerikanen dy't de skiednis feroaren oant in keale blokhutte djip yn 'e wyldernis fan Maine.

Yn 1998 publisearre Britain har earste roman, Green Rider, oer Karigan G'ladheon, in fan har kostskoalle fuortrûn opslûpen fanke dat djip yn 'e swierrichheden bedarret as se deryn tastimd om it oerbringen fan in boadskip fan krúsjaal belang oer te nimmen fan in deadlik ferwûne keninklike koerier ("Griene Ruter"). It boek waard goed ûnthelle en sleepte in nominaasje foar de Crawford Award yn 'e wacht. Britain bliek lykwols gjin flugge skriuwster te wêzen, en it duorre dan ek fiif jier ear't der in ferfolch útkaam, First Rider's Call, wêryn't tsjustere krêften gearspanne om 'e Griene Ruters leech te lizzen, en yn it ferlingde dêrfan it hiele keninkryk, oant Karigan, dêrta opdracht jûn troch de geast fan 'e legindaryske oprjochtster fan 'e oarder, regaad makket.

Sûnt binne der noch fjouwer dielen yn 'e Green Rider-searje ferskynd, The High King's Tomb, Blackveil, Mirror Sight en Firebrand, wêryn't Karigan wat langer wat djipper behelle rekket yn 'e striid om it fuortbestean fan it keninkryk Sacoridia tsjin in wol hast ûnoerwinlike fijân. Blackveil waard yn 2012 nominearre foar in David Gemmell Legend Award foar bêste fantasyroman. Kristen Britain libbet op 't heden yn in adobehûs yn 'e Nijmeksikaanske woastyn yn 'e omkriten fan Las Cruces, dêr't se har no mank kolibrys en hagedissen foltiids oan har skriuwwurk wijt.

Wurk romans Green Rider-searje 1998 – Green Rider 2003 – First Rider's Call 2007 – The High King's Tomb 2011 – Blackveil 2014 – Mirror Sight 2017 – Firebrand 2018 – The Dream Gatherer (ferhalebondel) 2021 – Winterlight 2023 – Spirit of the Woodkoarte ferhalen en/of novelles 2001 – Avalonia (yn 'e blomlêzing Avalon) 2003 – Linked, on the Lake of Souls (yn 'e blomlêzing DAW 30th Anniversary Anthology: Fantasy) 2008 – Justine and the Mountie (yn 'e blomlêzing Imaginary Friends) 2008 – Chafing the Bogey Man (yn 'e blomlêzing Misspelled) 2015 – Mr. Island (yn 'e blomlêzing Unbound) 2018 – The Dream Gatherer (yn 'e ferhalebondel The Dream Gatherer) 2018 – Wishwind (yn 'e ferhalebondel The Dream Gatherer) 2018 – Linked, on the Lake of Souls'' (yn 'e ferhalebondel The Dream Gatherer)

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar1999IAFA William L. Crawford Fantasy Awardnominearren.f.t.Green Rider2012David Gemmell AwardnominearreDavid Gemmell Legend Award for Best Fantasy NovelBlackveil

Keppelings om utens Offisjele webside fan Kristen Britain

Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1965