De Falom is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. De Falom leit noardeastlik fan Feanwâlden, westlik fan De Westerein en súdeastlik fan Broeksterwâld. De Falom hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners. De Falom hat gjin doarpskearn, de bebouwing leit oan de Haadwei en de Falomster Feart (Mûnewei en Rinewâl).
Skiednis thumb|250px|left|De Falom yn 1938 (lofts it tolhûs) De Falom is yn de 16e iuw ûntstien as feankoloanje, in delsetting foar feanarbeiders. De Falomsterfeart waard doe groeven om de ôfgroeven turf ôf te fieren. De feart wie ek om oerstallich wetter ôf te fieren. Om tsjin te gean dat der sâlt wetter, dat yn it gebiet beëasten De Falom stie, [boarne nedich] troch de feart yn it grûnwetter komme soe, waarden der plannen makke om in slûs yn de feart te meitsjen. Troch jildpine kaam dy der net, wol waard der in overtoom oftewol in falom oanlein: in konstruksje om in skip oer lân fan it iene farwetter yn it oare te lûken. Sa waard it swiete en it sâlte wetter skieden holden. De Falom soe dêrtroch syn namme krigen hawwe. Nammekundigen ûntstride lykwols de krektens fan dy ferklearring.Onze Taal, 2009 nû. 6, s. 172
Sûnt 1964 is De Falom in selsstannich doarp. Dêrfoar wie it in buorskip fan it eardere Moarrewâld.
De Falom hat altyd al yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein.
Mienskip It doarp hat in Feriening Doarpsbelang. De Falom en Broeksterwâld dogge in soad meiïnoar. Sa stiet it doarpshûs 'De Pipegaal' fan De Falom oan de ds. Feitsmastrjitte yn Broeksterwâld.
Ferienings Doweferiening Wâldflucht Fûgelwacht Ikkerwâld e.o. Foliêreferiening Fûgelnocht Fuotbalferiening Broekster Boys Yntertsjerklik manljuskoar Dit is wat ús bynt
Befolkingsferrin Jier 1969 1974 2004 2015 2020 Ynwenners 266 278 262 253 263
Strjitnammen De Houtwielen Achterwei Auke Jansstrjitte Hegewâl Haadwei Mûnewei Rinewâl - fytspaad bylâns de Falomster Feart. De wurden ‘rien' en 'ryn' binne nammen foar wetter dat yn beweging is. Natoer thumb|260px|Goddeleaze Singel, pealtsjasker 260px|thumb|Ferbiningsgebiet Houtwiel mei de Sweager Mieden mei brêge fan de Sintrale As oer de Falomster Feart Súdeastlik fan it doarp leit oan de grins mei Feanwâlden de Houtwiel, in gebiet mei plassen en reitfjilden. De grins fan De Falom mei it doarpsgebiet fan Feanwâlden wurdt foarme troch de Goddeleaze Singel, in lokaasje dêr't ferskillende spûkferhalen oer besteane. It gebiet is relatyf ryk oan reiddompen. Yn it natoergebiet stiet tichteby de singel in tsjasker, dy't yn 2017 stikken waaide en yn 2019 wer nij boud is.Omrop Fryslân, 16 oktober 2019 By de brêge oer de Falomster Feart stiet it Goddeleaze Tolhûs. De Goddeleaze Singel foarmet ûnderdiel fan it Bonifatius Kleasterpaad.friesland.nl, oproppen 9 april 2022 Yn it ramt fan de oanlis fan de Sintrale As is it gebiet súdlik fan de Falomster Feart ek werynrjochte as natoergebiet, dat no de Houtwiel ferbynt mei de Sweager Mieden.Provinsje Fryslân, oproppen 9 april 2022
Publikaasje(s) "De Falom, tinzen fan Broer"
Sjoch ek Fryske doarpen.
Kategory:Doarp of stêd yn Dantumadiel